Beda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
L →‎Wurken: sjoch oerlis
Rigel 12:
Fierders hat hy twa hânboeken opsteld foar de tiidrekkening yn de Tsjerke: it ''Liber de temporibus'' en ''De temporum ratione''. Dizze wurken oer [[kronology]] hie grut gesach yn de [[Midsieuwen]]. Fan grut skiedkundich belang is syn wurk oer de peaskesyklus, oan de hân hjirfan koene alle takomstige Juliaanske datums fan [[Peaskesnein]] fêstlein wurde. Beda skreau ek in natuerwittenskiplik wurk: ''De natura rerum'' (''Oer de natoer fan de dingen''). Wat opfalt yn dit boek is dat Beda skreau dat de ierde rûn wie as 'in spylbal' en net as 'in skyld'. Fierders skreau er foar syn learlingen ferhannelings oer de [[spraaklear]]. Oar skiedkundich wurk binne biografyen fan de [[abt]]en fan de kleasters fan Wearmouth en Jarrow, en oer it libben van Sint [[Cuthbert]] fan [[Lindisfarne]].
 
Syn lêste wurk, dat pas foltôge waard op syn stjerbêd, wie in oersetting yn it [[Aldingelsk|Angelsaksysk]] fan it [[Jehannes (evangeelje)|Evangeelje nei Jehannes]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=