Easterlittens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
redigearre
Rigel 9:
| webstee = [http://www.nwfriesland.nl/easterlittens/ Doarpsside Easterlittens]
}}
'''Easterlittens''' (''offisjeel [[Frysk]]'') is in doarp yn de gemeente [[Littenseradiel]], mei 479 ynwenners ( 1 jannewaris 2007). EinEasterlittens 1996leit isoan itde bûterfabryk[[Frjentsjerter ôfbrutsenFeart]] omkrekt súdeastlik fan it plak tedêr't meitsjendy foarkrúst nijbouplanwurdt ‘Ittroch Krúswetter’.de De[[Boalserter doarpsbewennersFeart]], hawweoan meiinoarde soargenoardkant datfan it doarp dêr't eartiids de skoarstienwetterherberch en it tsjettelhûstolhûs asHuylckenstein oantinkenstie. bewarreKrekt bleau.eastlik Defan skoarstienit isdoarp opknaptrint ende bliuwt[[N384]], indy' herkenningspuntnei foarit noardwesten nei [[Frjentsjer]] giet, en nei it doarpsúdeasten nei [[Dearsum]].
Yn [[1888]] waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk boud dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. OpDe doarpsbewenners hawwe meiinoar soarge dat de skoarstien en it âldetsjettelhûs steeas oantinken bewarre bleau. De skoarstien is letteropknapt deen nijbouwykbliuwt Itin Krúswetterherkenningspunt foar it komddoarp.
 
== Skiednis ==
Line 15 ⟶ 16:
Easterlittens is bestie oarspronklik út de bewenning fan fiif terpen. Ien fan dy fiif terpen moat al om 800 hinne opkrune wêze, en wie dêrmei grutter as de oaren. Op dy terp waard yn de 12e ieu de tsjerke boud, en it is hjir dat de buorren fan it doarp har foarmen. Dit doarp waard it earst neamd yn [[1275]], mei de namme ''Lechenghe''. Op de oare fjouwer terpen binne de hieltyd noch besteande [[buorskip]]pen [[Langwert (buorskip)|Langwert]], [[Wieuwens]], [[Wammert]] en [[Skrins]] ûntstien. Ta de himrik fan Easterlittens heart fierders it buorskip [[Weakens]].
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] wie Easterlittens part fan de eardere gemeente [[Baarderadiel]].
 
Easterlittens leit oan de [[Frjentsjerter Feart]] krekt súdeastlik fan it plak dêr't dy krúst wurdt troch de [[Boalserter Feart]], oan de noardkant fan it doarp dêr't eartiids de wetterherberch en it tolhûs Huylckenstein stie. Krekt eastlik fan it doarp rint de [[N384]], dy' nei it noardwesten nei [[Frjentsjer]] giet, en nei it súdeasten nei [[Dearsum]].
Yn [[1888]] waard op de hoeke fan de fearten in molkfabryk boud dy't der wol hûndert jier stien hat. De skoarstien is by de sloop fan it fabryk yn 1997 stean bleaun. Op it âlde stee is letter de nijbouwyk It Krúswetter komd.
 
In bekend man út de skiednis fan Easterlittens is dûmny [[Balthasar Becker|Balthasar Henricuszn Becker]], in dy't yn [[1657]] beroppen waard. Troch syn krewearjen tsjin de hekseferfolging is er yn [[1166]] út it amt set.
Line 36 ⟶ 34:
 
Foar de kânsel oer stiet in hearebank, de saneamde Sprong-bank mei it jiertal 1604 en in wapenskyldsje dêr't it famyljewapen yn 1796 ôfhelle is. Efter yn de tsjerke steane in pear rigen frouljusbanken mei in rêchleuning yn ôfwikende kleur. Dy waarden brûkt troch de earmen, de rêchleunings binne der yn 1936 op komd. Omtrint 1750, doe't Jan Worp Peijma en Abel Wiarda tsjerkefâd wiene, binne foar de tsjerkefâdij in tal stuollen komt yn it middenpaad, dizzen waarden jierliks ferhierd De stuollen mei nûmer 27 en 29 fan doarwarder en koster wiene frij fan hier. De stam fan de iene koperen kroanluchter hat de foarm fan in minskefiguer, de oare in figuer mei bibel en krús dêr't it krús fan ôfbrutsen is. Op de râne fan it koperen doopbekken steane de nammen fan de tsjerkefâden J.S.W. Peijma en A. Wiarda en dy fan dûmny Henricus Grevenstein - Anno 1750.
;oargel
Yn it jier 1625 wie Sijds Wijbes ''schoolmeester en organista'' yn Easterlittens. Dat betsjut dat it doarp doe al in tsjerkeoargel hie, it is brûkt oant [[1667]]. Doe lienden de tsjerkefâden fan Easterlittens fan harren mei-tsjerkefoud Houtse Sjoerds Sijperda 900 karolusgûnen ''tot ‘t maken van een nieuw orgel''. Dit oargel is brûkt oant [[1867]] en wurdt beskreaun yn in boekje fan Nicolaas Arnoldi Knock út [[1788]]. De firma Vaas en Brons út Grins fersoarge yn [[1961]] in gruttere restauraasje. De nedige lucht yn it oargel wurdt sûnt [[1935]] meganysk levere. Doe waarden de pûstertrêder, de pûstertraper, oargelpûster, oargelwynmakker, blaasbalchtrêder, blaasbalchheffer, oargelpomper en oargeltraper, sa't se yn detsjerkefâdijrekkens neamd wurde, oerstallich.
 
;toer
De toer hie al yn 1689 in oerwurk mei wizerplaten en wizers. Yn it âldste rekkensboek stiet in post wêrby t skoalmaster Jan Wijnants as koster in bedrach útbetelle krige fan ƒ 6,17 foar it skjinmeitsjen fan it oerwurk. Pas yn [[1902]] waard it oerwurk ferfongen. Dit waard levere troch de firma G. de Looze út Ljouwert foar ƒ 875,00. By de restauraasje fan de tsjerke kaam in tredde wizerplaat oan de noardside fan de toer. De lytse klok yn de tsjerketoer komt út [[1576]] en is makke troch klokkejitter Willem Wegewart út [[Dimter]]. Op de klok stiet: ''Ick bin gegoten in Gots eeren to Deventer in ’t jaer onz’ herrm MDLXXVI. Wilhelm Wegewart ut Lawerda''. Lawerda is it Frânse stedsje Laverdae dêr't [[Wegewaert (laach)|Wegewart]] wei kaam. Oan wjersiden fan it opskrift sitte bewurke rânen. De trochsneed is 93 sm en it gewicht 500 kg. Willem Wegewart geat tusken 1561-1603 foar sân Fryske tsjerken in klok. De grutte klok hie in foarrinder. Ut oantekenings fan tsjerkefouden (1607) blykt: ''en soe wanneer de gemeente mochte geraden een niewe clocke tot dese te copen…..''. Der wurde dan twa klokhuzen neamd. De grutte klok is jitten yn 1650 troch [[Hans Falck fan Neurenberch|Hans Falck]] út Ljouwert. Hy kaam fan Neurenberg en geat foar achtentweintich Fryske plakken in klok. Op de klok stiet te lêzen: ''In ’t jaer onz’ heeren duzend zes hondert ende vieftig heeft mij Hans Falck v. Neurenberg in Leeuwarden gegoten for Osterlittens''.