Hieslum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: 1950 boarne webstee Parregea
L [[]]
Rigel 10:
}}
 
'''Hieslum''' is in doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], noardeast fan [[Warkum]]. It leit tusken de Aldegeaster Brekken en en [[Parregea]]. Frjemd is dat de measte minsken bûten de buorren wenje, de measten wenje yn de buorskippen [[Atzebuorren]] en [[Idserdabuorren]] en yn de omlizzende pleatsen. It terpdoarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). Hieslum moat al ier ûntstean wêze. Yn in stik fan [[855]] komt it doarp al foar as in Folckerus in skinking fan ''20 gras'' docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. Letter hat it kleaster Werden de Fryske besittings ferkocht oan de Johanniters fan Snits. Yn in opjefte fan kleasterbesittings fan [[Kleaster Fulda|Fulda]] komt Hieslum ek al tige ier foar as Haslum.
 
Op âlde kaarten is te sjen dat der destiids in soad wetter om Hieslum wie, de measte marren en puollen binne letter droechlein. Al mear as 200 jier ferlyn wie de Sensmar in polder. Dan was der ‘t Uylcke meer, de Hieslumer Ie, de Hoarse of de Horase en folle oare. Op de opsmiten terpen sille, meast om in kapeltsje, doarpen as Hieslum ûntstien wêze.
 
De herfoarme tsjerke stiet wat nei efteren en kaam yn it plak fan de midsieuske tsjerke dy't ± 1300 boud wie en yn [[1874]] ôfbrutsen. De tsjerke is fan [[1870]] en liket op dy fan [[Skuzum]]. De preekstoel is noch út de [[17e ieu]]. De klok dy't yn [[1696]] yn Ljouwert getten waard troch [[Petrus Overney]] is yn de oarloch weihelle troch de Dútsers. Op it tsjerkhôf is in ''oarlochsgrêf'' fan it mienebest te finen. Op dit grêf steane sân nammen fan minsken dy't sneuvele binne.
 
== Mienskip ==