Hieslum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L noch ien
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling oer it leauwe
Rigel 11:
 
'''Hieslum''' is in doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], noardeast fan [[Warkum]]. It leit tusken de Aldegeaster Brekken en en [[Parregea]]. Frjemd is dat de measte minsken bûten de buorren wenje, de measten wenje yn de buorskippen [[Atzebuorren]] en [[Idserdabuorren]] en yn de omlizzende pleatsen. It terpdoarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). Hieslum moat al ier ûntstean wêze. Yn in stik fan [[855]] komt it doarp al foar as in Folckerus in skinking fan ''20 gras'' docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. Letter hat it kleaster [[Werden]] de Fryske besittings ferkocht oan de Johanniters fan Snits. Yn in opjefte fan kleasterbesittings fan [[Kleaster Fulda|Fulda]] komt Hieslum ek al tige ier foar as Haslum.
== Skiednis ==
 
Op âlde kaarten is te sjen dat der destiids in soad wetter om Hieslum wie, de measte marren en puollen binne letter droechlein. Al mear as 200 jier ferlyn wie de Sensmar in polder. Dan was der ‘t Uylcke meer, de Hieslumer Ie, de Hoarse of de Horase en folle oare. Op de opsmiten terpen sille, meast om in kapeltsje, doarpen as Hieslum ûntstien wêze.
Op de hichtekaart wurdt dúdlik dat Hieslum in terpdoarp wêze moat, de hichten lizze tusken 0.2, 0.5 en 0.6 meter ûnder A.P. Om it doarp leinen in soad marren en puollen, en op âlde kaarten wurde ûnder oare de Hieslumer Ie besuden it doarp en de Horase foar. In diel fan de lannen leit yn de Riperahim,al leit it doarp sels bûtendyks. Der wie krektas by Dedzjum in ferbining tusken de Sensmar en de Ie, it soe letter de feart tusken Boalsert e Warkum wurde. De himdiken wienen lykwols te swak foar it seewetter.
== Tsjerke ==
De herfoarme tsjerke stiet wat nei efteren en kaam yn it plak fan de midsieuske tsjerke dy't ± 1300 boud wie en yn [[1874]] ôfbrutsen. De midsieuske tsjerkefan Hieslum (út plm. 1300) is yn 1874 ôfbrutsen. De tsjerke hie gjin toer en gjin oargel. De nije tsjerke krige in houten spitske. De klok út 1673 hinge yn in klokkestoel, mar kaam yn 1874 yn it tuorke te hingjen. Yn 1943 is hy troch de Dútsers stellen en net weromkomd sadat de Hieslumers foar in nijen-ien soargje moasten. Under de houten flier lizze noch fjouwer grêfstiennen fan pastoars út âlde tiden.<br>
De tsjerke hearde yn de lette midsieuwen oan it [[Sint-Odulfuskleaster]] fan [[Starum]]. Dat betsjutte dat de pastoar troch de lieding fan dit kleaster oanwiisd waard en meastentiids in geastlike út dit kleaster beneamd waard. Faaks dêrom hie de pastoar net folle lân, yn [[1543]] ± 20 [[Pûnsmiet]].
 
Nei de [[reformaasje]] waard it âlde tsjerkje foar ‘de nije leare’ brûkt, mar der kaam gjin eigen sieleharder wer. Hieslum waard kombinearre mei Parregea en [[Greonterp]], al wie dit leste mar yn namme, omdat der likemin protestanten yn Hieslum wennen as tsjinstwurdich. Nei 1580 bleaune yn Tsjerkwert, Hieslum, Dedzjum en Parregea in soad minsken roomsk. Yn Hieslum hat noch in skoftlang in roomske geastlike wenne. Om 1630 wurke hjir Johannes Jacobi, dy’t ek de soarch hie foar oare doarpen yn Wymbritseradiel. Grytman fan Aylva knypte in eachje ticht. Syn opfolger, Adam Petri, ferhuzer nei [[Blauhûs]], al waard dy staasje doe noch in skoft Hieslum neamd. Dêrmei waard it sintrum oerbrocht nei it uterste hoekje fan Wûnseradiel nei Wymbritseradiel. Oldenhof en Ydema hawwwe oantoand, dat der stadichoan in ferskowing fan de roomske befolking fan Hieslum nei de oare doarpen kaam. Yn 1849 wie 38% fan Hieslumers roomsk, yn 1958 mar 11%. Foar Dedzjum wienen de sifers 62% en 14 %.
 
De herfoarme tsjerke stiet wat nei efteren en kaam yn it plak fan de midsieuske tsjerke dy't ± 1300 boud wie en yn [[1874]] ôfbrutsen. De tsjerke is fan [[1870]] en liket op dy fan [[Skuzum]]. De preekstoel is noch út de [[17e ieu]]. De klok dy't yn [[1696]] yn Ljouwert getten waard troch [[Petrus Overney]] is yn de oarloch weihelle troch de Dútsers. Op it tsjerkhôf is in ''oarlochsgrêf'' fan it mienebest te finen. Op dit grêf steane sân nammen fan minsken dy't sneuvele binne.
 
== Mienskip ==
It doarp hat gjin echte buorren. Foar safier’t nei te gean falt hat Hieslum nea in skoalle hân. De bern gienen yn Parrgea nei skoalle ta. No geanse ek nei Parregea, as se protestant binne en de roomsken geane nei Blauhûs. Hieslum hat tegearre mei [[Parregea]] in ''Feriening Doarpsbelang'' dy't al mear as tachtich jier âld is. De Gearhing is de namme fan it doarpshûs.
=== Befolking ===