Donkerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: doarpshûs
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
De befolking is meast protestant. By de folkstelling fan 1830 jouwe 11 persoanen (fan de 670) oan dat se roomsk binne. Ds. Hendrik de Cock krijt lykwols nei 1834 ek yn Donkerbroek folgelingen. De notulen fan de tsjerkeriegearkomste fan [[11 maaie]] 1838 fermelden de passaazje “Is ingekomen een brief van Foppe Hinkes Klooster, waarin de zelve verklaart zich af te scheiden van de gemeente en tevens afstand te doen van zijn ouderlingschap. Reactie kerkenraad: “aangenomen voor bekendmaking” en giet oer ta de oarder fan de dei. It oantal ôfskiedenen groeit lykwols hurd en yn 1850 wurdt de kristlik ôfskieden Gemeente fan Donkerbroek ynstituearre. It earste tsjerkegeboutsje stiet noch altiten, mar amperoan as sadanich te herkennen, op it adres Hearewei 98. It hjoeddeiske godshûs waard yn 1912 stichte.
 
Neist de begoedige boargerij wienen in soad dy’t lang en hurd wurkje moasten foar in bytsje jild en dy’t oanwiisd wienen op de diakonij om troch de tiid te kommen. Yn har kasboeken steane in soad minsken mei in útkearing en it beteljen oan earmen fan kosten foar medyske help en begraffenissen. Dat yn sokke tiden nei de drank grepen waard kin opmakke wurde út it grutte oantal taappunten en kafees yn it doarp. Sa koe op it stee fan it hjoeddeiske kafee De Vosseheer midden 19e ieu al in slokje opnomd wurde. Ein 18e ieu stie op wat no Geert Wolter Smitwei is 12 al in kafee mei de namme Het Posthuys. De postkoets die dêr oan, de hyns koene yn de trochreed op ferhaal komme en, sa leart it kasboek fan de Tsjerkefouden, de lokaliteit waard ek brûkt troch neamde pommeranten. Al yn 1797 wurde betellings oantroffen oan “van verteeringen in het Posthuys”, omdat de tsjerkefouden “een brief schrieven [(moasten])”, of as der stimd wurde moast oer in te beroppen predikant. Blykber liende de herberch him dêr better ta as it tsjerkegebou.
 
== 20e ieu ==