Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
yw |
oanfolling Mensenlinq |
||
Rigel 1:
'''Hans de Jong''' ([[Koartsweagen]], [[3 maaie]] [[1921]] - [[De Gerdyk]], [[31 desimber]] [[2010]]) wie in Fryske waarman. Mei syn frou Anneke hie er twa dochters; Marita en Karin, dy't yn 2000 ferstoar by in ferkearsûngelok.
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de oarlochsjierren sammelt hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]].
Oant 2008 skreau er noch in histoaryske rubryk oer meteorology en de skiednis fan syn wenplak [[De Gordyk]] yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank''. Syn argyf oer De Gerdyk foarme hjirfoar de basis.
|