Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan Pieter de Groot yn Dwers, LC 7 jan. 2011
L [[]]
Rigel 1:
'''Hans de Jong''' ([[Koartsweagen]], [[3 maaie]] [[1921]] - [[De Gerdyk]], [[31 desimber]] [[2010]]) wie in Fryske [[waarman]]. Mei syn frou Anneke hie er twa dochters; Marita en Karin, dy't beiden yn 2000 ferstoarferstoaren by in ferkearsûngelokferkearsûngemak.
 
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de [[Twadde Wrâldkriich|oarlochsjierren]] sammelt hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]]. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘Friesch‘[[Friesch Dagblad’Dagblad]]’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn [[1992]] ferstoarne waarman [[Jan Pelleboer]] lei hy de basis foar de popularisearing fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de [[amateurmeteorology]] yn [[Nederlân]]. De Jong wie yn [[1974]] tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de [[Feriening foar Waarkunde en Klimatology]], de organisaasje fan waaramateurs.
 
Oan it begjin fan de televyzje hat De Jong in skoft televyzjeresinsint west, en oant 2008 hat er alle wiken de rubryk "In praetsje by in plaetsje" yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank'' fersoarge, omendeby 1500 ôfleveringen oer de skiednis fan it eigen gea. Syn argyf oer De Gerdyk foarme hjirfoar de basis.
 
Yn [[1942]] kaam er foar it ljocht mei it klandestine jazzorkest[[jazz]]orkest ''The Snake Charmers''. De band hat noch oant neidenei de oarloch bestien en hie yn de befrijingsdagen wakker súkses by de [[Kanada|Kanadezen]]. Bandlid [[Anne Wadman]] eksperimintearre foarsichtich mei Fryske teksten op har swingend repertoire.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=