Jetze Doorman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
oerset. Liket fergetten te wêzen
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wie yndie ferjitten, mei tank oan MeinRei
Rigel 3:
Doorman wie in beropsmilitêr. Hy trochrûn de [[Keninklike Militêre Akademy]] en wie efterelkoar twadde-luitenant, earste-luitenant en sûnt 1918 kapitein by de [[artillery]]. Yn 1906 die hy mei oan de offisjeuze [[Olympyske Simmerspullen 1906|Tuskenspullen]] yn [[Atene]]. In jier letter waard hy yn [[Parys]] Europeesk kampioen op de [[Sabel (wapen)|sabel]], ûnder mear troch de [[Frankryk|Frânske]] graaf [[Georges de la Falaise]] en de [[Grikelân|Grykske]] Olympysk kampioen fan 1896 [[Ioannis Georgiadis]] te ferslaan. In 1908 die hy yndividueel én yn teamferbân mei oan de [[Olympyske Simmerspullen 1908|Olympyske Spullen yn Londen]], sûnder in medalje te winnen. Op de Spullen fan [[Olympyske Simmerspullen 1912|1912]], [[Olympyske Simmerspullen 1920|1920]] en [[Olympyske Simmerspullen 1924|1924]] foel hy wol yn de prizen. Yn 1912 wûn hy mei it Nederlânsk team brûns op de ûnderdielen [[degen]] en sabel, yn 1920 en 1924 wûn it team brûns mei de sabel.
 
Utsein skermer wie Doorman ek in fertsjinstlik [[reedriden|reedrider]]. Sa die er yn 1912 as wedstriidrider mei oan de [[twadde Alvestêdetocht]]. Doe hat er twa dielnimmers rêden dy't troch it iis sakke wiene, dêrnei moast er sels ferklomme opjaan. Yn 1914, koart foar it útbrekken fan de [[Earste Wrâldkriich]], wie er legere yn in soarte fan fredesmissy yn it ûnôfhinklike [[Albaanje]], dêrby kaam de Nederlânske majoormajoar [[Lodewijk Thomson]] om. Jetze Doorman wie in folle neef fan skout-by-nacht [[Karel Doorman]] en in efterpakesizzeroerpakesizzer fan generaal-majoormajoar [[J.D. Doorman]].
 
{{DEFAULTSORT:Doorman, Jetze}}