Bagdad: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - derby: hsb:Bagdad
fw
Rigel 9:
Yn [[1055]] feroveren de [[Turken|Turkske]] [[Seltsjoeken]] de stêd. Sy respektearren it gesach fan de kalyf mar bestjoerden sels de wrâldske saken. Yn Bagdad waard troch harren de [[Nizamiyyah]] stifte, in oare foarm fan heger ûnderwiis, dy't mear op Turkske en Perzyske tradysjes stipe. Oant yn [[1258]] bleau Bagdad ien fan de wichtichste steden fan de islamityske wrâld en fan West-Aazje. Yn dat jier ferwoasten de [[Mongoalen]] Bagdad en deaden sawat de hiele befolking, wêrûnder ek de lêste kalyf. Dêrnei namen oare kultuersintra yn it Midden-Easten de rol fan Bagdad oer, benammen Egypte en Spanje. Yn [[1401]] waard de stêd opnij troch [[Mongoalen]] plondere, en yn [[1534]] foel Bagdad yn hannen fan de [[Turken]]. Nei de fal fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn [[1917]] waard Bagdad yn [[1920]] de haadstêd fan Irak en waard bestjoerd troch de [[Grut Brittanje|Britten]].
 
Yn de [[Golfoarloch (1990-1991)|Golfoarloch]] fan 1990-1991]] en [[Irakkriich]] ûndergie de stêd swiere bombardeminten. Yn april 2004 wienen parten fan de stêd yn hannen fan it [[Iraakske ferset]]. Benammen yn de wyk [[Sadr-stêd]] wie it ferset fûl. Yn it easten fan de stêd begûn it Amerikaanske leger yn april 2007 mei de bou fan in 3,5 meter hege muorre om it soennityske stêdsdiel Adamija hinne. Dêrtroch waarden de soenniten en sjiïten yn dat part fan de stêd fan inoar skieden, sadat se mekoar net mear oanfalle koenen. De betonmuorre om Adamija hinne wie yn augustus 2007 klear, de ynwenners kinne allinnich fia in Amerikaanske kontrôlepost nei bûten.
 
== Befolking ==