Jezuïten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sq:Jezuitët
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Rome_Il_Gesù.jpg|thumb|left|[[Il Gesù]], memmetsjerke fan de Societas Jesu yn [[Rome (stêd)|Rome]].]]
De sosiëteit waard oprjochte as ûnderdiel fan de [[kontrareformaasje]], dy’t ûntstien wie as reaksje op de [[reformaasje]]. Ignatius preke in fiergeande hearrigens oan de [[bibel|Skrift]] en de tsjerklike hiërargy. Hy sei dan ek: "Wy moatte leauwe dat it wyt wat ik sjoch swart is, at de hierargyske tsjerke dat sa seit, omdat wy leauwe dat der tusken Kristus ús hear en de tsjerke dy't Syn Breid is, deselde geast oanwêzich is, dy’t wurksum is en ús laat nei de rêding fan ús [[siel]]."
 
Rigel 17:
De oprjochting fan de oarder fan de Jezuiten is net sûnder stjit of slach ferrûn. Ignatius fan Loyolo rekke op syn tritichste as ofsier ferwûne oan syn foet. Dit ynspirearre him om fromme literatuer te lêzen. En dat soarge derfoar dat er syn eigen oarder stiftsje woe.
 
Doe't Ignatius mei syn groep yn [[1537]] nei [[Rome (stêd)|Rome]] gie krige er by it plakje [[La Storta]] in fisioen, wêryn [[Jezus Kristus]] mei it krús tsjin him sei: “''Ego vobis Romae propitius ero''” (''Ik sil jim yn Rome tadien wêze''). En ek sei dy: "Ik wol dat jo ús tsjinje." Dit fisioen wie foar Ignatius en syn folgelingen oanlieding yn Rome de Societas Jesu te festigjen.
 
De akseptaasje fan de oarder ferrûn muoisum. Ignatius waard in oantal kear finzennaam en ûnderfrege troch de Ynkwisysje. Hy kriich sprekferboaden en waard twongen om te ferhúzjen. Yn 1540 joech Paus [[Paulus III]] einliks goedkarring oan de sosiëteit.