Maksiminus Daia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 9:
Op [[1 maaie]] [[305]] beneamde syn omke Galerius, dy't sels krekt keizer wurden wie as de opfolger fan [[Diokletianus]], him as [[Caesar (titel)|Caesar]]. It gebiet dat er bestjoere moast besloech it [[Midden-Easten]] en it súdlike part fan [[Lyts-Aazje]].
 
As yn [[306]] de meikeizer fan Galerius, [[Konstantius Klorus]] komt te ferstjerren giet dizze dermei akkoard dat de soan fan Konstanius Klorus, [[Konstantyn de Grutte]], Caesar wurdt. [[Severus II]] waard nije meikeizer fan it westen. Yn [[Rome (stêd)|Rome]] ferklearret [[Maksentius]] him lykwols ek ta keizer, en by in poging dat te ferhinderjen stjert Severus. Op in gearkomst by [[Karnuntum]] wurdt de [[Konferinsje fan Karnuntum]] holden en besletten dat [[Lisinius]] de opfolger wurdt fan Severus en dat Konstantyn ek keizer wurde mei. Daia hie sels ek graach keizer wurde wollen, mar is dat nei alle gedachten noait offisjeel wurden. Wol brûkte hy tidens syn fjildtochten tsjin de [[Perzyske Ryk|Perzen]] yn [[310]] de titel fan keizer (''[[Augustus (titel)|Augustus]]''). Lykwols bliuwt hy trou oan Galerius.
 
Daia hie sûnt de konferinsje yn [[308]] in hieltyd gruttere hekel krige oan Lisinius en nei de dea fan Galerius yn 311 eskalearre de situaasje. Se ferdielden Galerius' diel fan it ryk, mei as grins de [[Bosporus]]. It kaam noch net ta in boargeroarloch. Daia sluet wol in ferbûn mei de [[usurpator]] Maxentius, dy't noch yn Rome siet.