Eastersk-otterdoksy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: arz, eml, ia, ms - fuort: ceb, frp - oars: en
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 5:
Yn de [[11e ieu]] (1054) fûn it grutte [[skisma]] plak tusken it eastlike en it westlike part fan de destiids kristlike wrâld. Dat liede ta de skieding fan de Tsjerke yn de Easterske-Ortodoksy en de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk-katolike]] Tsjerke. De oarsaak dêrfoar moat socht wurde yn de kulturele en teologyske ferskilen dy't sûnt de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]] hieltyd mear tusken East en West ûntstien wienen, lykas yn de politike ferhâldingen.
 
De [[paus]], as [[patriarch]] fan [[Rome (stêd)|Rome]], kleemde it gesach oer de eastlike [[patriarch|patriargaten]] wylst de patriarch fan [[Konstantinopel]] fan betinken wie dat hy as leider fan it "nije Rome" it measte rjocht hie om as [[spiritueel|spirituele]] lieder te fungearjen fan de hiele Tsjerke.
 
In oar wichtich punt dat it skisma yn de hân wurke wie de tafoeging troch de Westerske Tsjerken fan it [[Filioque]] oan de [[leauwensbelidenis]] of het Kredo fan [[Nicea]]-[[Konstantinopel]]. Omdat dizze tafoeging net troch in oekumenysk konsylje oannommen waard, woenen de Easterske Tsjerken dizze net akseptearje. Sy beskôgen it Filioque as [[teology]]sk ûnkrekt.