Nizjni Novgorod: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Nizjni Novgorod
sa earst mar
Rigel 1:
{{wurk}}
{{Universele ynfoboks stêd
| namme = Nizjny Novgorod
Line 27 ⟶ 26:
[[Ofbyld:Nischni Nowgorod Kreml 2004-07-09.jpg|thumb|It kremlin fan Nizjny Novgorod]]
'''Nizjny Novgorod''' ([[Russysk]]: Нижний Новгород), tusken 1932 en 1990 '''Gorki''' neamd as earebetoan oan de skriuwer [[Maksim Gorki]] dy't dêr berne is, is mei sa'n 1,3 miljoen inwoners (2008) de op vfjouwer nei grutste stêd fan [[Ruslân]]. Nizjny Novgorod is de haadstêd fan de [[oblast]] Nizjny Novgorod en ek fan it [[Federale distrikten fan Ruslân|federale distrikt]] [[Federaal Distrikt Wolga|Wolga]]. De stêd is in wichtich ekonomysk-, transport- en kultuereelsintrum fan de Russyske Federaasje.
 
== Ut de skiednis ==
De stêd waard stifte yn [[1221]], de namme betsjut letterlik ‘lege nije stêd’, in ferwizing nei de âldere stêd [[Veliki Novgorod|Novgorod]] (= ''nije stêd''). De stifter wie prins [[Joeri Vsevolodovitsj]] fan [[Vladimir (stêd)|Vladimir]]. Nizjny Novgorod leit op it plak dêr’t de rivieren [[Oka (Europa)|Oka]] en [[Wolga]] by inoar komme en waard oanlein as bolwurk foar de beskerming fan de doetydske lânsgrins. It houten [[kremlin]]-fort lei tige gaadlik fanwege de grutte natuerlike grêft dy’t troch beide rivieren foarme waard.
 
Yn [[1612]] ferdreaun de boargermilysje fan Nizjny Novgorod, byinoar brocht troch de keapman Kozma Minin en oanfierd troch foarst [[Dmitri Pozjarski]], de [[Poalen|Poalske]] troepen en holp it [[Michail I fan Ruslân|Michail Romanov]] as earste fan de Romanov-[[dynasty]] oan de macht.
 
Fan 1817 oant de [[Oktoberrevolúsje]] wie Nizjni Novgorod in wichtige stêd fanwege de [[Makarjevmerk]] dy’t els jier yn july holden waard en dêr’t in grut part fan de yn Ruslân makke goederen ferhanne waarden. Neidat [[Maksim Gorki]] yn [[1932]] offisjeel as proletaryske sovjetskriuwer erkend wie, waard de stêd fanwege [[Jozef Stalin]] omdoopt yn '''Gorki'''. Yn [[1991]] waard de âlde namme yn in eare hersteld.
 
Yn de jierren 1930 krige Nizjny Novgorod de status fan in saneamde ''[[sletten stêd]]'', dêr’t bûtenlanners net komme mochten. Reden dêrfoar wie de wapenyndustry dy’t dêr festige wie; dêr waarden atoomûnderseeërs, tanks en gefjochtsfleanmasines produsearre. Yn [[1992]] waard de stêd wer iepensteld.
 
Doe’t de atoomfysikus [[Andrej Sacharov]] yn 1980 by it kommunistysk rezjym yn ûngenede foel, waard er út Moskou wei ferballe nei Nizjny Novgorod dêr’t er jierren ûnder bewaking fan de [[KGB]] wenne hat. Yn [[1986]] krige er fan [[Michail Gorbatsjov]] tastimming om werom nei Moskou te gean. Yn de wente dêr’t er destiids libbe, sit no it Sacharov-Museum.
 
== Untjouwing ynwennertal==
Line 68 ⟶ 78:
 
== Berne yn Nizjny Novgorod ==
[[Ofbyld:Nizhny Novgorod View to Strelka & Kremlin Walls.JPG|thumb|Strelka]]
<!-- RANGSCHIKKING NAAR GEBOORTEJAAR -->
* [[Mili Balakirev]] (1837 – 1910), komponist
Line 75 ⟶ 86:
 
== Keppeling om utens ==
[[Ofbyld:Nizhny Novgorod View to Strelka & Kremlin Walls.JPG|thumb|Strelka]]
* [http://maps.yandex.ru/map.xml?mapID=7&mapX=432500&mapY=6238300&size=2&text=%D1%E5%F0%EE%E2/ Ynteraktive plattegrûn (Yandex)] (Syrillysk skrift)