Isidoarus fan Sevilla: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: az:Seviliyalı İsidor
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Sevilla - Verwijzing(en) gewijzigd naar Sevilla (stêd)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Isidor von Sevilla.jpeg|right|thumb|200px|Isidorus mei syn ensyklopedy, skildere troch [[Murillo]].]]
'''Isidorus fan Sevilla''' ([[Kartagena]], [[560]] - [[Sevilla (stêd)|Sevilla]], [[4 april]] [[636]]) ek wol '''Isidoar''' neamd is de [[beskermhillige]] fan it [[ynternet]]. Syn [[hjeldei]] is [[4 april]]. Isidorus waard troch de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] hillich ferklearre yn [[1598]] en yn [[1722]] ta [[tsjerkelearaar]] ferheft. Hy is benammen bekend wurden troch de [[ensyklopedy]] dy't er gearstalde.
 
== Libben ==
Isidorus, berne yn [[Kartagena]], wie de soan fan Severianus en Teodora en libbe yn Spanje yn de [[Iere Midsieuwen]]. Syn famylje levere ferskate wichtige geastliken lykas syn bruorren Leander en Fulgentius, beide biskop, en syn suster Florentina dy't talrike kleasters stifte. Hy folge syn broer [[Leander fan Sevilla|Leander]] op as [[aartsbiskop]] fan [[Sevilla (stêd)|Sevilla]]. Syn oare broer Fulgentius wie biskop fan [[Écija|Astigi]].
 
Isidorus wie biskop yn it roerige tiidrek dat folge nei de fal fan it [[West-Romeinske Ryk]]. Hy besocht de Goatyske kultuer fan de [[Fisigoaten]], dy't Spanje sûnt it [[Grutte Folkeferfarren]] beset holden, mei de oerlevere Romeinske kultuer en de kristlike lear te kombinearjen. Dêrby roege hy ek de lêste fan it [[arianisme]] út doe't hy de Fisigoatyske kening [[Reccared I]] ta it [[katolisisme]] bekearde. Hy wie prominint oanwêzich op it [[Konsylje fan Sevilla]] yn [[619]] en it [[Konsylje fan Toledo]] yn [[633]]. By dat lêste konsylje stelde hy [[seminaarje]]s yn by alle Spaanske katedralen. [[Gryksk]], [[Hebrieusk]] en de [[Sân frije keunsten|frije keunsten]] as stúdzje stelde hy dêrby ferplicht, wylst [[rjochten]] en [[genêskunde|medisinen]] troch him oanmoedige waarden. Troch dizze inisjativen fan him, is foar in grut part te tankjen dat in soad klassike kennis troch de midsieuwen hinne yn Spanje behâlden bleaun is.