Grut Barriêrerif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Groot Barrièrerif
L [[]]
Rigel 2:
[[Ofbyld:Barriere-Riff.jpg|thumb|''Satellytfoto fan it Grut Barrièrerif'']]
It '''Grut Barriêrerif''' ([[Ingelsk]]: ''Great Barrier Reef'') is it grutste [[koraalrif]] fan de wrâld.
It leit yn de [[Koraalsee]], ten easten fan de steat [[Queensland]], parallel oan de noardeastkust fan Austraalje. Fan de Lady Elliotteilannen by de kust fan súdlik Queensland oant de [[Golf fan Papoea]] ten suden fan [[Papoea- Nij-Guinea]] hat it in lingte fan mear as twatûzen kilometer.
 
It Grut Barriêrerif is de grutste toeristyske attraksje fan [[Austraalje]] en ek in wichtich natoerlik gebiet dat sûnt [[1981]] op de [[wrâlderfgoedlist]] stiet. Fanút plakken as [[Cairns]] en [[Townsville]] wurde in soad toeristyske aktiviteiten ûntploaid by it rif, wêrûnder [[dûksport|dûktochten]] en rûnfearten. Der wurdt in soad ûndersyk dien nei de tastân fan it Grut Barriêrerif. In resinte stúdzje fan in Australysk ûndersyksteam hat dêrby oantoand dat de snelheid wêrmei't koraal kalk út it seewetter opnimt, de lêste tweintich jier hurd minder wurden is. Dit liedt ta in fertrage groei fan [[stienkoralen]] yn dit gebiet. Neffens ûndersikers is dit mooglik in gefolch fan de taname fan koaldiokside yn de atmosfear wêrtroch't oseanen stadichoan fersoerje, of fan de opwaarming fan it seewetter.