Drait (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Drait - Verwijzing(en) gewijzigd naar De Drait (wenwyk)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Tuorrebout - Verwijzing(en) gewijzigd naar Tuorrebout (skaai)
Rigel 18:
De provinsje hat de Drait yn de jierren 1990 lykwols opnaam yn in wiete ferbiningssône tusken it streamgebiet fan [[De Boarn]]/Keningsdjip en it leechfeangebiet fan Midden Fryslân. Fia de [[Nije Feart (Drachten)|Nije Feart]] en it [[Ferbiningskanaal (Drachten)|Ferbiningskanaal]] is de Drait nammentlik ferbûn mei die beekdelling.
 
Om de funksje fan ekologyske ferbiningssône ferfolle te kinnen moasten ouwers en begroeing oanpast wurde. Fral it oansjen fan it stik Drait neist de wenwyk Himsterhout is drastysk feroare. De ouwers rinne no flauw ôf, binne dêrtroch breder wurden en boppedat binne der parallelle wetters oanlein. Fuort oan it wetter is no in reidseame mei ek [[Tuorrebout (skaai)|Tuorrebout]], in stikje fierder sompige rûchte (sa'n 25 soarten sompeplanten binne invertarisearre yn 1997/98) en strewiel fan Wylch, [[Flear]] en [[Hagedoarn]].
 
Fierder stream ôf (sjoch boppeste ôfbyld) bestiet de seame allinne út in smelle reidkraach en noch wat mear nei it noarden rint de sône troch it gebiet mei de jachthaven fan [[Bûtenstfallaat]]. <ref>{{Aut|Van der Wal, J.}}, ''De Drait. Ecologisch lint tussen Drachtster nieuwbouw''. Utjefte IVN ôfdieling De Wâlden, 2004 (J. van der Wal basearret dit boekje op 37 boarnen)</ref>