Skiednis fan It Amelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Nes - Verwijzing(en) gewijzigd naar Nes (It Amelân)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Willem V - Verwijzing(en) gewijzigd naar Willem V fan Oranje-Nassau
Rigel 26:
[[Ofbyld:Ameland klederdracht.jpg|thumb|''Amelânske dracht'']]
[[Ofbyld:Ameland Kapiteinswoning.jpg|left|thumb|kapiteinswenning op Amelân]]
Yn [[1795]] stiftem de [[Patriotten]] de [[Bataafske Republyk]] en moast steedhâlder [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] flechtsje. Nei't yn [[1798]] It Amelân by de nij-foarme [[Bataafske Republyk]] ynliive wie, waarden krekt as op it fêstelân ek op it eilân de Oranjes ferfallen ferklearre fan al harren besittings en weardichheden. Yn [[1801]] kaam it eilân as in [[mairie]] (letterlik ''boargemasterskip'') by it [[departemint Fryslân]]. Yn [[1814]], doe't de Frânsen al wer in jier ferdreaun wienen en Nederlân in keninkryk wurden wie, waard dy bân mei Fryslân nochris befêstige, sadat der foargoed in ein kaam oan 'e útsûnderlike steatkundige posysje fan It Amelân. Wol krige kening [[Willem I]] alle besittings en rjochten fan syn geslacht op it eilân werom.
 
Yn it nije keninkryk fan 'e Nederlannen waard It Amelân in [[gritenij]] fan Fryslân, mei in [[grytman]] oan it haad. De [[Gemeentewet]] fan [[1851]] feroare dit ta in [[gemeente]] mei in [[boargemaster]].