Carmen Kass: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ka:კარმენ კასი
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Austraalje - Verwijzing(en) gewijzigd naar Austraalje (lân)
Rigel 3:
Carmen Kass waard grut yn Paide. As famke wenne hja mei har mem, in lânarbeider, yn in appartemint yn it doarpke [[Sika]]. Mei 14 jier waard sy ûntdutsen yn in supermerk yn [[Tallinn]] troch in Italjaanske modelleferkenner. Kass hie eigentlik meidwaan wold oan de [[Miss Estlân]]-ferkiezing, mar in oanbod om yn [[Milaan (stêd)|Milaan]] as model in karriêre te begjinnen like har in mear glamoureuze en lukrative opsje.
 
Doe't Kass 18 jier wie ferfarde hja nei [[Parys]], nei't se op de covers fan ferskate grutte magazines stien hie, sa as [[Vogue (tydskrift)|Vogue]] ([[Frankryk]] en [[Feriene Steaten]]), [[Elle]] ([[Austraalje (lân)|Austraalje]]), [[Image (tydskrift)|Image]] ([[Feriene Keninkryk]]).
 
Yn [[1999]] stie Kass model foar tal fan bekende ûntwerpers dêr't [[Dolce & Gabbana]], [[Gucci]], [[Prada]] en [[Gianni Versace|Versace]] by wiene. Boppedat hat Kass yn tal fan reklames posearre fan û.o. [[Calvin Klein]], [[Chanel]] en [[Donna Karan]]. Kass wie ek in wurdfierster fan [[Sephora]], in bekend kosmetikamerk, en it parfum [[J'adore]] fan [[Christian Dior]].