Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Auwerk - Verwijzing(en) gewijzigd naar Auwerk (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Bremen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Bremen (stêd)
Rigel 4:
Nei de [[Slach op de Wylde Ikers]] tsjin [[Ocko II tom Brok]] wie [[Focko Ukena]] hearsker wurden oer [[East-Fryslân]]. Ukena besocht syn posysje te fersterkjen mar de troch him hieltyd heger opleine belestings makken syn posysje lykwols swakker. De befolking, dy’t him ûnder Ukena frijfochten hie fan Ocko II tom Brok, wie slim teloarsteld troch dizze nije ûnderdrukking. De ferskillende haadlingen hienen har ek fan Ocko II tom Brok losmakke omdat dizze gjin rjocht die oan de [[Fryske Frijheid]].
 
Sa ûntstie om [[1430]] hinne in opstân yn it [[Brookmerlân]] (hjoeddeiske skriuwwize) mei stipe fan de famylje tom Brok. Nei in mislearre oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by [[Bremen (stêd)|Bremen]] wreide de opstân him út. Nei de ferovering fan [[Oldersum]] en [[Auwerk (stêd)|Auwerk]] ferienigen ferskillende Eastfryske kriten en haadlingen har op 14 novimber 1430 ûnder lieding fan Edzard Cirksena út [[Greetsiel]] yn it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen.
 
== Utwurking ==