Elte Beima: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mozilla Firefox Frysk woordenboek v2 kent geen Jeropa en Belgje
titel proefschrift
Rigel 1:
'''Elte Martens Beima''' ([[Eastermar]], [[11 febrewaris]] [[1801]] - [[Leien]], [[24 febrewaris]] [[1873]]) wie in stjerrekundige, wiskundige en bibliofyl.
 
De dûmny fan Eastermar ûnderkende rillegau de wittenskiplike kwaliteiten fan de jonge Beima. Beima studearre op kosten fan jonkhear [[Idzert Aebinga van Humalda]] yn Leien. Hy die yn 1830/31 as soldaat mei oan de [[Tsiendeiske Fjildtocht]] tsjin [[Belgje]]; de [[Universiteit fan Leien]] levere derta in Kompanjy frijwilligers. Hy promoveare yn [[1842]] yn wis- en natuerkunde, mar op in astronomysk ûnderwerp (De Annulo Saturni). Dêrnei waard er konservator oan it Ryksmuseum foar Natuerlike Histoarje, dêr't him earst dwaande hâlde mei astronomy en letter it behear hie oer de samling mineralen ([[geology]]).
 
Yn [[1852]]/53 makke er in stúdzjereis troch Jeropa en it [[Heine Easten]] mei de jonge Hector Livius, baron fan Heemstra; hy kaam werom mei geologyske foarwerpen foar it museum. It ferslach fan dy reis waard publisearre.