Igorliet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
tf's, red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Igorsvyat.jpg|thumb|''It fjild fan Igor syn slach mei de Povlotsen, troch [[Viktor Vasnetsov]]]]
It '''Igorliet''' of '''It liet fan de fjildtocht fan Igor''' (Aldrussysk: Слово о плъку Игоревѣ, ''Slovo o plŭku Igorevě''; Russysk: Слово о полку Игореве, ''Slovo o polku Igoreve''; OekraïensOekraïensk: полку Ігоревім, ''Slovo o polku Ihorevim'') is in anonym epos / poëem, skreaun yn it [[Aldrussysk]] en datearre yn de ein fan de tofdetolfde ieu en is in seldsum hichtepunt yn de midsieuske [[Russyske literatuer]]. [[Aleksander Borodin]] basearre syn ferneamde opera ''[[Prins Igor]]'' op it ''Igorliet''.
 
== Ynhâld ==
[[Ofbyld:Biliwar.jpg|thumb|[[Ivan Bilibin]] syn yllustraasje by it ''Igorliet'']]
It ''Igorliet'' beskriuwt de ûngelokkige fjildtocht yn 1185 fan Prins Igor fan Novgorod-Severski, in stedsje ten noardeasten fan [[Kiev]], tsjin de [[Polovstsy]], plonderjende nomaden. Dizze roekeleaze mar histoarysk ûnbetsjuttende fjildtocht, dy't úteinlik liedt ta Igor syn nederlaach, wurdt ferhearlike en besongen yn sterk poëtyske bewurdings. Opmerklik is dat Igor net allinnich besongen wurdt, mar ek bekritisearre. As hy net sa ûnbetochtsum west hie om poerallinnich tsjin de fijân op te lûken, mar him feriene hie mei oare Russyske foarsten (benammen mei de grutfoarst fan Kiev), hie hy mear kâns hân op súkses. It ''Igorliet'' jout dêrmei krityk op de ferdieldheid fan de Russyske foarsten yn de tolfde ieu, doe't it lân al bedrige waard troch ynfallen troch de nomaden út de steppen oan de eastkant fan de [[Wolga]]. In ieu letter soe Ruslân hielendal ûnder de ynfloed komme fan de Mongoals-Tartaarske horden en bruts in perioadetiidrek oan dy't bekend stiet as it “Tartarejok” (fan 1220 oant 1480).
[[Ofbyld:Slovo o pluku Igorově, 1800.jpg|thumb|Earste printe útjefte ''Igorliet'', (1800 )]]
 
== Untdekking ==
It manuskript fan it ''Igorliet'' waard pas yn 1793 ûntdekt doe't in gesant fan graaf [[Aleksej Moesin-Poesjkin]] in bondel âlde hânskriften kocht. Dizze samling, dy't blykber út de [[16e ieu]] kaam, befette neist it ''Igorliet'' ûnder mear ek de [[Nestorkroanyk]]. Yn opdracht fan [[Katarina II fan Ruslân]] waard yn 1796 in mei de hân skreaune kopy makke en yn 1800 ferskynde de earste printe ferzje, dy't daliks ûntfongen waard as in hichtepunt yn de Russyske en wrâldliteratuer. Al gau waarden troch ferneamde Russyske dichters (wêrûnder [[Vasili Zjoekovski]], yn de tweintichste ieu ek [[Konstantin Balmont]] en [[Nikolaj Zabolotski]]) mar ek yn it bûtenlân oersettingen makke nei modern Russysk, wêrby't de epyske stikken faak fefongenferfongen waarden troch lyryske.
 
It orizjinele manuskript gie yn de [[Brân fan Moskou (1812)|brân fan Moskou yn 1812]] ferlern.