Albert Koopman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
afbeelding toegevoegd
L red.
Rigel 1:
'''Albert Koopman''', ( [[Ychten]], [[4 febrewaris]] [[1917]] - [[Dunegea]], [[17 maart]] [[1945]] ), wie in houtbewerker en fersetsman. Hy ferdielde dropte wapens en joech wapenynstruksjes oan de [[Knokploech]]. Op 19 febrewaris 1945 die de ''[[Sicherheitsdienst]]'' in ynfal yn it hûs fan Koopman.
 
Op 15 maart 1945 wienen twa leden fan de ''Wasserschutzpolizei'' fan De Lemmer oan it foerazjearen. Doe't se lâns de pleats fan de famylje Schotanus yn [[Dunegea]] kamen, waard dêr krekt in ko slachte troch inkele leden fan de [[Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften]]. Der ûntstie in fjoergefjocht, wêrby't de Dútse ''Revieroberwachtmeister'' Platt en de Nederlânske ''Unterwachtmeister'' Kootstra deade waarden. As ferjilding waarden tsien politike finzenen, wêrûnder Albert Koopman, út [[Crackstate]] op it hiem fan de pleats fusillearre. Dêrnei waard it gebou ynéyn'e brân stutsen. De slachtoffers waarden earst begroeven yn [[Sint Nyk]]. Letter binne se begroeven yn harren eigen doarp. Koopman waard begroeven op it N.H.-begraafplak yn Ychten. In stien yn de pleats fan Schotanus yn [[Dunegea]] yn Skarsterlân is setten as oantinken oan de fusillade.
 
Op [[De Lemmer]] is de Albert Koopmanstrjitte nei him neamd.
 
==Afbeeldingen==
<gallery>
File:Albert Koopman-verzetstrijder.JPG|Grêf fan Koopman
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
*[http://www.4en5mei.nl/oorlogsmonumenten/zoeken/monument-detail/_rp_main_elementId/1_2346 Webside oer Oarlochsmonuminten oer Albert Koopman]