Sicherheitsdienst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - oars: lt:Sicherheitsdienst
L lyts guod, neat oan'e hân
Rigel 1:
[[Ofbyld:SDInsig.gif|thumb|right|250px|Minsken fan de SD droegen dit embleem op de mouwe]]
De '''sicherheitdienst''' (SD) feroare tusken [[1931]] en [[1945]] fan in beskieden ynljochtingetsjinst fan de [[NSDAP]] ta in echtewiere steats ynljochtingetsjinststeatsynljochtingetsjinst fan [[Nazi-Dútslân]] mei 51 haadôfdielingen en 519 regionale ôfdielingen mei inkele tûzenen aginten en inkele tsientûzenen ynformanten.
 
== Eftergrûn ==
De sicherheitsdienstSicherheitsdienst waard yn maart [[1931]] troch [[Heinrich Himmler]] ûnder de namme [[Ic-Tsjinst]] oprjochte. De foarrinner fan de SD wurke fanút in appartemint en rapportearre rjochtstreeks oan Heinrich Himmler. Foardat de Dútse nasjonaal-sosjalisten oan de macht kamen wie it doel fan de “Ic-Tsjinst” om politike tsjinstanners yn de gaten te hâlden. Ek moast de tsjinst de feilichheid fan Nazilieders fersoargje.
 
Mei de machtsoername fan de nazi’s yn Dútslân yn [[1933]] waard de tsjinst bekend as de “[[SD-Amt]]”. Der ûntstie in sekere kompetysje mei de [[Sturmabteilung]] (SA). Op [[9 juny]] [[1934]] waard ien inkele partij-ynformaasjetsjinst oprjochte mei de namme Sicherheitsdienst, wêrby de ‘SD-Amt” de basis wie en ûnder it bewâld kaam fan [[Reinhard Heydrich]].
 
De SD groeide út ta in ynfloedrike partijorganisaasje dêr't de [[Schutzstaffel]] (SS) en de nasjonaal-sosjalistyske regearing gebrûk fan makke. De SD wurke mei de [[Sicherheitspolizei]] (de [[Gestapo]]) en de [[kriminalpolizei]].
 
Tusken de Sicherheitdienst en de Gestapo wie net folle ferskil. Beide geheime tsjinsten hienen as lieder [[Reinhard Heydrich]] en rapportearren oan Heinrich Himmler. De beide organisaasje hâlden harren dwaande mei deselde taken. DôchsDochs kin steld wurde dat de Sicherheitsdienst mear ynformaasje sammele en de Gestapo de útfierende tsjinst wie.
 
Yn 1938 groeide de SD fan in partij-ynformaasjetsjinst út ta de ynljochtingetsjinst fan Dútslân. De SD observearre politike tsjinstanners fan it [[Tredde Ryk]], it kaam mei polityk nijs út binnen- en bûtenlân. Ek die de tsjinst oan sabotaazjemisjes yn it bûtenlân. Om al dizze taken te dwaan waard er in netwurk fan meiwurkers makke yn it Tredde Ryk mar ek yn de anneksearre gebieten. Om de eigen Dútske befolking te kontrolearjen waarden de ''NSDAP -blockleiter'' ynsetten. Dit binne minsken út it leechste nivo fan de partij.
 
De SD organisaasje bestie út inkele tûzenen aginten. De sammele ynformaasje waard twa oant trije kear per wikewyks rapportearre yn alle SD ôfdielingen. Dit waard oerhannige oan de wichtichste steatsminsken en partijfunksjonarissen. De SD hâldt him ek dwaande mei it beoardielen fan hegere offisieren en partijlieder op harren politike betrouberens.
 
Fan [[27 septimber]] 1939 ôf waard de Sicherheitsdienst sintraal koördinearre fanút it [[Reichssicherheitshauptamt]]'' (RSHA) en ûnderferdield yn twa kantoaren; it ''Inland-SD'', ek wol neamd as Amt III neamd, foar binnenlânske dingen en it ''Ausland-SD'', ek wol neamd Amt VI. foar bûtenlânske dingen. Reinhard Heydrich naam it bewâld op him oant hy fermoarde waard yn 1942. Op [[30 jannewaris]] [[1943]] naam [[Ernst Kaltenbrunner]] de lieding oer en rapportearre lykas Heydrich oan Heinrich Himmler. Kaltenbrunner is oant de ein fan de Twadde Wrâldkriich op syn post bleaun.
 
== Organisaasje ==