Noardfrysk Ynstitút: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Gründungsjahr nach Internetseite geändert
MeinRei (oerlis | bydragen)
lytse oanfolling
Rigel 1:
[[Ofbyld:Braeist Nordfriisk Instituut.jpg|thumb|right|280px|It ''Nordfriisk Instituut'' oan de Süderstraße yn Bräist]]
It '''Noardfrysk Ynstitút''' (''Nordfriisk Instituut''), is in yn [[1964]] oprjochte, wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de [[Noardfryske taal]], kultuer en skiednis. It is fêstige yn [[Bräist]] ([[Dútsk]]: Bredstedt) en wurdt bestjoerd troch in eigen organisaasje, de ''Verein Nordfriesischer Institut'' ("Feriening fan it Noardfryske Ynstitút"), dy't likernôch 860 leden hat en al bestiet sûnt [[1948]]. Sûnt 1987 stiet it ynstitút ûnder lieding fan [[Thomas Steensen]].
 
It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen bibleteek en argyf, it fersoarget kursussen, kolleezjes, konferinsjes en lêzings en jout boeken, tydskriften en brosjueres út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare útjouwers. It wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat [[Sleeswyk-Holstein]], de ''Kreis'' [[Noard-Fryslân]], de stêd [[Bräist]] en de [[Súdsleeswyske Denen|Deenske minderheid yn Dútslân]]. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.
 
Boppedat hat it Ynstitút - fia de ''Verein Nordfriesischer Institut'' - en tegearre mei de [[Noardfryske Feriening]], de ''[[Friisk Foriining]]'', de ''Heimatbund Landschaft Eiderstedt'' en de gemeente [[Hilgelân]] sitting yn 'e ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid'' ("[[Noardfryske Rie]]"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare minderheden yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Fryske Rie|Grutfryske Rie]] foarmet.
 
Yn [[2011]] joech it Noardfrysk Ynstitút in Kanon fan de Noardfryske kultuer út mei de titel ''Heimat Nordfriesland: ein Kanon friesischer Kultur''. Foar it boek is der in soad literatuerûndersyk dien, ek is der ûnder de Noardfriezen in grutte enkête ôfnommen.<ref>[http://itnijs.nl/2011/05/kanon-fan-de-noardfryske-kultuer/] "Kanon fan de Noardfryske kultuer" [[www.itnijs.nl]], 12 maaie 2011.</ref>
== Eksterne keppelings ==
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.nordfriiskinstituut.de Noardfrysk Ynstitút] (Dútsk)