Noardfryske Feriening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
MeinRei (oerlis | bydragen)
L fw
Rigel 11:
Der bestiet in nauwe gearwurking tusken de NFV en de ''Heimatbund Landschaft Eiderstedt'' ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt"), de regionale feriening fan it al lang net mear Noardfrysktalige skiereilân [[Eiderstedt]], dat súdlik fan it echte [[Noard-Fryslân]] leit, mar noch wol binnen de grinzen fan 'e ''Kreis'' Nordfriesland. Dy gearwurking leit ek nochal foar de hân, want beide organisaasjes komme fuort út deselde folkloristyske oarsprong. De HLE hat sa'n 800 leden. Sawol de NFV as de HLE wurkje nau gear mei de gruttere regionale feriening dy't de hiele dielsteat beslacht, de ''Schleswig-Holsteinischer Heimatbund'' ("Sleeswyksk-Holsteinsk Streekferiening").
 
Boppedat hawwe de NFV en de HLE, tegearre mei de ''[[Friisk Foriining]]'', de Feriening fan it [[Noardfrysk Ynstitút]] en de gemeente [[Hilgelân]] sitting yn 'e ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid'' ("[[Noardfryske Rie]]"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare minderheden yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Fryske Rie|Grutfryske Rie]] foarmet.
 
== EksterneKeppeling keppelingsom utens ==
* [http://www.nf-verein.de/ De Noardfryske Feriening] (Dútsk)