Anna Maria Catharina Buma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
MeinRei (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 1:
'''Anna Maria Catharina Buma''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[13 oktober]] [[1889]] - Ljouwert, [[9 juny]] [[1963]]) wie in dichteresse út Ljouwert.
 
Yn 191111911 troude se mei jonkhear Joan Quarles van uffordUfford, dy 't oant syn dea yn 1915 boargemaster fan [[Warkum]] wie. Sy wenne sûnt de tritiger jierren fan de [[20e ieu]] oan de Grutte Tsjerkestrjitte nr.9 ( letter in museumrestaurant ). Troude yn 1936 mei har twadde man, Ljouwerter gemeenteargivaris Adrianus van der Minne. Anna Buma wie ien fan de pear froulju dy't aktyf wiene de [[Fryske Beweging]]. Kaam trochhtroch de Jongfriezen ta it Frysk, foar 1911 publisearre se Nederlânske fersen, ûnder oare yn De Gids. Joech Fryske les en sette har yn foar Grutfryske kongressen dêr't kontakten fan [[East-Friezen]] út Oldenburg en Westfriezen út [[Sleeswyk-Holstein]] ferstevige waarden. Yn har hûs wienen geregeldwei gearkomsten fan Fryske skriuwers en yntellektuelen. Doe't hja ûnder ynfloed kaam fan de [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]], krige it selskip ek hege Dútske besite - fan ûnder oaren de argeologen [[Herman Wirth]] en [[Arend Lang]] - dat de Fryske yntellektuele elite foar it nasjonaal-sosjalistyske karke besocht te spannen.<br>
Se leit begroeven op it famyljebegrafplak fan de Buma's yn [[Weidum]].