Palindroom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
In '''palindroom''' is in rige tekens (‘symmetryske sekwinsje’) dy't fan lofts nei rjochts en oarsom lêzen wurde kin sûnder dat de sin feroaret. In palindroom is net altiten in sin, mar kin ek in [[wurd]] wêze. De wurden of sinnen bliuwe, as men de letters omdraait, gelyk yn foarm en betsjutting.
 
By in palindroom giet it net perfoarst om wurden of sinnen. Der binne ek palindroomsifers dy't fan lofts nei rjochts en oarsom deselde wearde hawwe (bgl. 1221). It ferskynsel komt ek foar yn de [[muzyk]], dêr't muzykstikken fan foar nei efter en oarsom spile wurde kinne, en men itselde heart.
 
== Wurden ==
Rigel 17:
 
== Sifers ==
It is ek mooglik om mei sifers, [[datum]]- as tiidoantsjutting in palindroom te meitsjen. De datum/tiid 20-02-2002 20:02 kin sawol fan lofts nei rjochts as oarsom lêzen wurde en der stiet noch hieltyd itselde. In oare palindroomdatum is 01-02-2010. In simpele rige sifers as 73237 is ek in palindroom.
 
[[Kategory:Wurdtype]]