Stellingwerven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 170:
 
Yn Eaststellingwerf en omkriten wurdt op it mêd fan keunst, kultuer en literatuer in protte wurk ferset troch de ''Stichting Kunstwerf''. Eltse simmer wurdt yn [[Aldeberkeap]] it keunstbarren ''Open Stal'' hâlden dêr't 15 keunstners op ferskillende plakken eksposearje mei harren wurk. Dizze keunstrûte wurdt sûnt 1971 hâlden. In oar grut barren yn de Stellingwerven binne de ''Pinksterlanddagen'', in anargistysk festival yn Appelskea mei politike praatrûnten, gearkomsten, lêzings en workshops.
 
=== Iten ===
[[Ofbyld:Boerenkool stamppot.jpg|thumb|Boerekoal mei woarst]]
It kulinêre mêd beheind him ta gebak en koekjes. Ferskate bakkers ferkeapje koekjes en gebak dy't se sels meitsje en dêr de namme fan de streek yn ferwurkje. Dêrneist is der noch in resept mei as namme Berkeapster Lammebout. It 'kulinêr eigene' hat fierders de streekprodukten sa't dy yn de rest fan de provinsje Fryslân ek wol bekend binne, lykas sûkerbôle, oranjekoeken, rikke droege woarst en keallepoaten. Bekende waarme gerjochten binne boerekoal mei woarst en de Fryske sipelsop.
 
=== Musea ===