Burmaniahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 1:
It '''Burmaniahûs''' of '''Catershûs''' is in [[state]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De state is eigendom fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
 
De [[stins]] is yn de [[15e ieu]] of earder ûntstien. De famylje Burmania stamt ôf fan in trettjindeieusketrettjinde ieuske pastoar fan de Sint Vitusytsjerke-Fitustsjerke fan [[Aldehou]]. By de stins hearden grutte stikken grûn op de Aldehousterterp. Meidat de famylje ôfstammet fan in pastoar, hienen se lange tiid it 'jus patronatus': it beneamingsrjocht fan preesters fan de Sint Vitustsjerke-Fitustsjerke.
Yn de [[16e ieu]] is Rienck fan Burmania, drost fan Coevorden, eigener fan de stins en hy beslút om 1555 dizze ferbouwe te litten. Rienck hat in broer Joast, dy't troud wie mei Baef Caters, nei wa't it hûs ek wol Catershûs neamd waard.
 
It hûs bliuwt oant 1679 yn besit fan de famylje Burmania, om dêrnei te fererven op de famyljes Sirtema fan Grovestins, Aebinga fan Humalda en Eysinga. Yn [[1871]] erfde jonkfrou Clara Tjallinga Aedonia fan Eysinga it hûs. Hja liet it yn de mande mei har man [[Bernhardus Hopperus Buma]] ôfbrekke en hielendal opnij wer opbouwe.
Dit pear hie jild genôch om dit te beteljen. Se wienen ek eigener fan Nijenburch yn [[Kollum]], dêr't se yn de tiid fan de bou fan it nije hûs wennen en [[Sminiastate]] te [[Wommels]]. Yn deseldedyselde tiid lieten se ek noch de filla ''Vaartzicht'' bouwe oan de [[Potmarge]] yn Ljouwert-Huzum.
 
Yn 1912 einiget de partikuliere bewenning fan it Burmaniahûs, trochdat it kocht waard troch de Algemeene Friesche Levensverzekering Maatschappij, tsjintwurdich AEGON, dy't it Burmaniahûs-kompleks mei kantoarfleugels ein jierren 80 fan de foarrige ieu ferkocht oan de gemeente Ljouwert.
 
De âldste ôfbylding fan de stins/state is te finen op de kaart fan Ljouwert, dy't troch Jacob fan Deventer omtrint 1560 makke waard. It ôfbyld op dizze kaart fan it Burmaniahûs wekt it fermoeden, dat midden op of efter it dak fan in rjochthoekich gebou in treptoer stie. Dit is lykwols net mei wissichheid te sizzen omdat de skets in te lytse skets is.
De folgjende ôfbylding is dy fan in fûgelflechtkaart fan Johannes Sems en Pieter Bast út 1600/'03. Hjirop stiet it Burmaniahûs dúdliker ôfbylde. It wie doe in rjochthoekich gebou mei in rûne treptoer tsjin de westlike side fan de foargevel. Oan beide kanten fan it haadgebou stienen bygebouwen dy't in foarplein foarmen. It moat in sealstins west hawwe fan twa boulagen op in kelder. Yn de sechtjinde ieu waarden meardere sealstinzen, besteande út in bel-etaazje op in ûnderkeldering ferhege mei in twadde ferdjipping. Dat sil grif ek mei it Burmaniahûs dien wêze om 1555 hinne.
 
De stins hie ek in poarte, dy't allang ferdwûn is en noch in skoftlang brûkt is by it Aldehouster tsjerkhôf. De poarte droech boppe de wapenstiennen Burmania en Aylva it opskrift: 'Rienck van Burmania ridder ende drost tot Coevarden Ao 1555'.
Neffens tsjûgen hie de stins sterke, oerwelfde kelders, wêryn't spoaren fan sjitgatten te sjen wienen. De sealstins sil op yn lêst út de fyftjinde ieu komme, It hûs is grif faak ferboud, foardat it yn [[1874]] sloopt waard en ferfongen troch it hjoeddeiske, grutte hearehûs.
Al dy ferbouwings hienen fan gefolgen dat de âlde sealstins yn 1874 al net mear te werkennen wie. By de lêste ferbouwing, nei alle gedachten yn de iere njoggentjinde ieu, wie it in grut hearehûs yn de empire-styl wurden. De toer wie al lang ôfbrutsen ebn de yngong wie hielendal oan de rjochterkant komd. It hûs hie trije boulagen fan 6 raamfekken breed en waard dekt troch in frij leech skylddak. It hûs hie doe oan de eastkant in lege fleugel.
 
Blykber wie it saaie gebou jonkfrou Clara Tjallinga en har man net nei't sin en se lieten it Burmaniahûs -dat de midsieuske kearn noch hie- hielendal ôfbrekke, ynklusyf de kelders. It nije Burmaniahûs, yn 1874 ûntwurpen troch Jurjen Bruns en yn 1914 ferboud is in foarname stedsfilla wurden. It gebou is yn neo-renêssânsestyl fersierd mei eleminten fan natoerstien en pleisterwurk. Der kamen sels grutte liuwen op it bordes te lizzen.
 
== Bewenners ==