Romeinske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== It ûntstean fan de Repyblyk ==
It begjin fan de Romeinske skiednis leit yn de ferieniging fan Paltinus en de Quirinalis, de âldst bewenne heuvels fan Rome. De stêd dy't hjirút ûntstie kaam al gau ûnder [[Etrusken|Etruskyske]] hearskippij te lizzen. Neidat de Romeinen de Etruskyske kening [[TarquiniusTarkwinius]] yn [[496 f. Kr.]] ferdreaunen, sletten de Romeinen en Latinen in ferbûn. Nei de ferovering fan VejiFeji ([[396 f. Kr.]]) wreide Rome har macht út oer de omhinne lizzende krite, nettsjinsteande de ûnderlinge striid tusken [[patrisjers]] en [[pebejers]]. De ekspânsje stagnearre lykwols yn [[387 f. Kr.]] doe ynfallende [[Galjers]] Rome oermasteren en de Romeinen in fernederjende frede opleinen,. sadatIt gefolch wie dat de buorfolken yn opstân kamen. De opstân waard betwongen nei jierrenlange striid; yn de [[Samnityske Krigen]] (326-304 en 298-290 f. Kr.) slaggen de Romeinen, nettsjinsteande earst nederlagen (pas fan Caudium, [[321 f. Kr.]]), harren macht fierder út te wreidzjen yn Kampaanje[[Kampanje]] en Samnium. Sy rekken dêr yn konflikt mei Tarente, dat de help ynrop fan kening [[Pyrrus fan Epirus]], dy yn [[275 f. Kr.]] by Beneventum ferslein waard. Fan dat stuit ôf stie it Súd- en Midden-Itaalje ûnder Romeinske hegemony.

Troch in systeem fan wegen en koloanjes hanthavenjen de Romeinen harren gesach;. deDe ûnderwurpen folken waarden ''"socii"'' (bûnsmaten). Oan inkele Latynske steden waard it boargerrjocht ferline. Troch de feroveringen yn Súd-Itaalje kaam Rome yn kontakt mei de [[Kartago|Kartagers]]. Nei de [[Earste Punyske Oarloch]] (264-241 f. Kr.) ferkrigen de Romeinen [[Sylyje]] en anneksearen [[Sardynje]] en [[Korsika]] ([[238 f. Kr.]]). Nei de [[Twadde Punyske Oarloch (218 - 201 f. Kr.) waard Spanje Romeinsk gebiet. Yn de Tredde Punyske Oarloch]] waard Kartago en Korinte ferwoast; Masedoanje en Grikelân waarden ien Romeinske provinsje. Pergamum (westlik Lyts Aazje) waard de provinsje Aazje (133 f. Kr.)
 
== Reformaasje fan de Republyk ==