Tibearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
artikel wat oanfolle, -stobbe
No edit summary
Rigel 2:
'''Tiberius Klaudius Nero''',([[16 novimber]] [[42 f. Kr.]] – [[16 maart]] [[37]]) koartsein '''Tiberius I''' wie de twadde ''princeps'' fan it [[Romeinske Ryk]], as opfolger fan [[Augustus Oktavianus]]. Nettsjinsteande syn skitterjende (militêre) wurkpaad foardat er keizer waard, soed er de skiednis yngean as in tryst en erchtinkend hearsker.
 
== Skiednis ==
Tiberius krige syn posysje troch syn mem [[Livia]], dy't de twadde frou wie fan keizer ([[Augustus Oktavianus|Augustus]]. Hy waard ien fan syn wichtichste en joech lieding oan militêre kampanjes yn Dútslân en bij de Donau. As útfiering fan harren gesinsbelied, waard hy yn [[12 f. Kr.]] twongen ta in polityk houlik mei [[Fipsania]], dochter fan [[Markus Agrippa Fipsanius|Agrippa]]. Dat houlik waard letter op gesach fan Augustus ûntbûn en moast er boaske mei [[Julia Kaesaris]], dochter fan Augustus, en widdo fan syn skoanheit Agrippa. Dat twadde houlik wie gjin sukses en mislearre. Tiberius gie yn sels opleine ballingskip nei it eilân [[Rodos]].
 
Inkele jierren letter kearde hy werom, nei de dea fan ien fan Julia har soannen by Agrippa, Gaius en Lusius, en waard Augustus syn erfgenamt. Doe't Augustus yn [[14]] ferstoar waard hy de nije keizer fan it Romeinske Ryk. Tiberius waard al gau populêr, en doe syn miich [[Germanikus]] stjerre ûnder mysterieuze omstannichheden yn it Easten yn 19, waarden fermoedens uten dat hy dêr in rol yn hie.
Line 11 ⟶ 12:
 
Neidat de measte fan syn mooglike opfolgers ferstoarn waard [[Kaligula]] in neef fan him syn beëage opfolger. Tiberius stoar op [[16 maart]] [[37]] nei alle gedachten in natuerlike dea. Neffens de populêre skiedskriuwing fan dy tiid soe syn opfolger [[Kaligula]] dêr de hân yn hawwe.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Primêre boarnen:'''
* [[Ovidius]], ''Fasti''.
* [[Felleius Paterkulus]], ''Historia Romana''.
* [[Falerius Maksimus]], ''Facta et dicta memorabilia''.
* [[Pilon fan Aleksandrje]].
* [[Flavius Josephus]].
* [[Suetonius]], ''De Vita Caesarum''.
* [[Publius Cornelius Tacitus|Tasitus]], ''Ab excessu divi Augusti''.
* [[Kassius Dio]], ''Ρομαικη ῾Ιστορια''.
}}
 
[[Kategory:Romeinen]]