De Folgeren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Frijsteat Folgeren: nochris [[]]
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
de
Rigel 2:
[[Ofbyld:De Folgeren.JPG|thumb|''Strjitbyld De Folgeren'']]
[[Ofbyld:Vreewijk appartemintegebou.JPG|thumb|''Appartemintekompleks Vreewijk'']]
De Folgeren is in [[buorskip]] benoarden [[Drachten]] yn de gemeente [[Smellingerlân]]. It 'sintrum' fan itde buorkip is de krúsingkrusing fan de Folgeren mei de Folgeraleane en de Kletsterleane dêr't fanâlds ek Vreewijk stiet. Eastlik fan itde buorskip leit wenwyk [[De Folgeren (wenwyk)|De Folgeren]]. Fierders wurdt itde buorskip omjûn troch de wenwiken [[Finnepark|Fennepark]], [[Burmaniapark|Burmania]] en [[Frijburch|Vrijburch]] (noch yn ûntwikkeling). De Folgeraleane rint fan itde buorskip oer in sânrêch nei de grins mei [[Grinslân]].
 
== Skiednis ==
=== Namme ===
De namme De Folgeren, ek wol Folgelen, komt al yn de [[16e ieu]] yn stikken foar. It betsjut soksawat as ‘lân dat folget op stikken lân oan in wetter of in wei’. Doe wie it noch in heech[[fean]]gebiet, letter meast lân fan mindere kwaliteit. It oanswettend lân under [[De Pein]] waard ek Folgeren neamd.
 
=== Vreewijk ===
Vreewijk is yn 1855 as bûtenhûs troch Lambertus Dorhout boud. De tún waard yn de [[Ingelske lânskipstún|Ingelske lânskipsstyl]] oanlein troch túnarsjitekt [[Lucas Pieters Roodbaard]]. (Fan it oarspronklik ûntwerp is neat mear oer). Yn de 20e ieu wie de filla it langste skoft in yn de fiere omkriten bekend hotel, konferinsje-, dûns, en troulokaasje. It âlde Vreewijk is ôfbrutsen. Yn 2008 waard it nije Vreewijk iepene, in appartemintekompleks, oplutsen yn de styl fan it âlde gebou.
<gallery>
Rigel 14:
Ofbyld:Hotel Vreewijk te Drachten, 1932.jpg|''Hotel Vreewijk yn 1932''
</gallery>
=== Tram ===
De tramlinen út Grins (de lettere Philipsline) en Burgum wei kamen eartiids byelkoar yn De Folgeren, dêr't ek de lêste halte foar Drachten wie. De eardere spoarwei-oergong is no yn it plaveisel fan de dyk oanjûn en der binne fjouwer sabeare spoarbeammen neist de oergong set.
 
=== [[Frijsteat Folgeren]] ===
Yn 1963 fregen in tal bewenners mear omtinken en selstannigens foar harren plak fan de gemeente Smellingerlân troch in ludike aksje: it útroppen fan de ‘Frijsteat Folgeren’. Folle letter kaam der in selsmakke monument yn de foarm fan twa FF-en, dat in plakje krigen hat op de rotonde fan no (sjoch foto). Elts jier freget de âldjiersploeg 'Frijsteat Folgeren' mei in opfallende âldjiersstunt, dy’t meast ferwiisd en kommintaar jout op de lokale polityk en dy’t altyd omtinken kriget yn de pleatslike media, fannijs omtinken foar it buorskip. Sa hawwe der alris in wiere ‘sweeftrein’ en in [[F-104 Starfighter|‘Starfighter’]] yn de tún fan Vreewijk stien. Yn 2007 waard "It byld fan in swimmende walfisk" fan [[Anne Woudwijk]] by de pier fan [[Holwert]] wei ûntfierd nei De Folgeren.