Amish: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 40:
De tsjerketsjinsten wurde om de twa wike by de leden thús hâlden. Oer it generaal duorje de tsjinsten sa'n trije oant fjouwer oeren. Der wurde twa preken hâlden, in lange en in koarte. De prekers hawwe gjin teologyske stúdzje dien. By de tsjinst wurdt oerstadich en monotoon sjongen út in sangboek út it jier 1654.<ref>[http://www.digibron.nl/search/share.jsp?uid=00000000012dc2a4a2cc2c598314e913&sourceid=1011 digibron.nl] Een afgezonderd volk (út it Reformatorisch Dagblad)</ref> Nei de tsjinst ferlitte de manlju it hûs, de froulju bleauwe binnen om iten te sieden. As alle manlju iten hawwe meie de froulju ite en dêrnei it hûs oprêde.
 
By de Amish wurde de bern net doopt. Krekt as by oare dopersken binne de Amish fan betinken dat in minske sels by steat wêze moat om nei te tinken oer syn doop. De doop is ornearre foar folwoeksen - yn de praktyk om it 20e libbensjier hinne - dy't dêr frijwillich en bewust foar kieze. De „Rumspringa“ is in tiid dy't begjint nei it ferlitten fan de skoalle. Yn dy tiid binne de âlden wat toleranter. De jongerein mei dan de wide wrâldbûtenwrâld yn syn hiele hear en fear ferkenne. Mei de Rumspringa kin de jongerein sjen hoe't it libben bûten de Amish-mienskip der hinne leit en meidwaan oan aktiviteiten dy't oars yn de Amish-mienskip ferbean binne. Sa'n 85-90 persint fan de jongerein kiest nei de Rumspringa bewust foar de doop. Mei de doop slute se harsels frijwillich by de Amish oan, foar de rest fan harren libben.
 
== Takomst ==