Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tekst by de foto
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dokkumer Grootdiep.jpg|thumb|''Dokkumer Grutdjip fan it sintrum fan Dokkum ôf sjoen yn eastlike rjochting'']]
[[Ofbyld:Dokkumer Grootdiep2.jpg|thumb|''Dokkumer Grutdjip by de [[It Stienfek|Stienfeksterbrêge]] terop'e hichte fan Ie'']]
It '''Dokkumer Grutdjip''' as '''Dokkumer Djip''' wie eartiids de ferbining fan [[Dokkum]] nei [[Lauwerssee|iepen see]]. It wie in smelle see-earm dy't fanútút de [[Lauwerssee]] wei oant Dokkum ta nei it westen kaamtakaam. Foar de oanlis fan de earste diken wie it Dokkumer Djip al de ôfwettering fan it sintrale part fan [[Eastergoa]].
 
== Foar de ôfsluting ==
Yn [[1583]] waard yn Dokkum in nije [[syl]] oanlein. DizzeDy syl kaam yn plak fan de [[Aldsyl]] oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de [[Boarnwirder Syl]], foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel, en de [[Dantumasyl]], foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. HjirmeiDêrtroch ûntstiene fuort swierrichheden omdat [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]] it wetter net mear goed kwyt koene.
 
Yn [[1584]] waard al in foarstel dien de see-earm by de Lauwerssee ôf te sluten om de situaasje te ferbetterjen. Dokkum wie dêr poer op tsjin omdat sy de iepen ferbining mei de see net kwyt reitsje woene. Yn de neikommende 150 jier feroare de situaasje. Wylst noch yn [[1596]] yn Dokkum de [[Fryske Admiraliteit]] oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de [[17e ieu]] fersâne ta in kringeljende stream. Op [[16 augustus]] [[1723]] waard it foarstel troch de [[Deputearre Steaten]] oannommen om it Dokkumer Djip ôf te sluten.