Richard Liuwehert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Richard coeurdelion g.jpg|thumb|''Ofbyld út de 12e ieu'']]
'''Richard I Liuwenhert''' (Ingelsk en Frânsk: ''Richard Cœur de Lion'', Ingelsk ek wol: ''Lionhearted'') ([[Oxford (Feriene Keninkryk)|Oxford]], [[8 septimber]] [[1157]] – [[Châlus]] by [[Limoges]] ([[Frankryk]]), [[6 april]] [[1199]]) wie kening fan [[Keninkryk Ingelân|Ingelân]] fan [[1189]] oant [[1199]]. Hy wie de twadde soan fan [[Hindrik II fan Ingelân|Hindrik II]] en [[Eleonora kan Akwitaanje]].
 
Richard waard yn 1172 hartoch fan [[AkitaanjeAkwitaanje]]. Tusken him en syn bruorren wie wat striid, en ek kamen se gauris yn opstân tsjin harren heit. Doe't Richard nei de dea fan syn âldere broer yn 1183 beneamd waard as troanopfolger bûn hy opnij de striid oan mei syn heit, omdat hy syn mem har Akwitaanje ôfstean moast doe't hy kroanprins wurden wie. Hy wist dêrby de steun te krijen fan kening [[Filips II fan Frankryk]].
Nei in skeel tusken Richard en Filips sleaten se in ferdrach en begûnen oan de tarieding fan de jildslinende [[Tredde Krústocht]].
 
Op de [[krústocht]] wie der wer faak spul tusken Richard en Filips. Doe 't Filips nei [[Akko]] ôfsette, ferloofde Richard him mei [[Berengaria fan Navarra]]. Hy troude mei har nei de ferovering fan [[Syprus]] yn 1191. (Hje soenen gjin bern krije; wol is bekind dat Richard in soan yn it wyld rinnen hie.) Dêrnei gie er ek op Akko ta en spile in grutte rol by de ferovering fan de stêd.
Filips gie werom nei Frankryk, mar Richard gie troch mei de striid en helle in oerwinning op [[Saladin]].