Rienck Bockema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: famyljeleden fan nl:
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Bockema wiie de soan fan Bokke Doedinga en wie troud mei Bot. Hja wie de dochter fan Fokke Sikkinga út [[Doanjum]]. Tegearre hienen se ien dochter, neamd His. Sy troude mei [[Agge Harinxma]] út [[Heech]]. Hjirút kaam yn 1403 in soan (Bokke). Syn skoansoan Agge Harinxma folge him op as haadling.
 
Rienck Bockema wenne op de [[stins]] [[Rodenburch stins|Rodenburch]]. Yn 1398 waard hy troch de Hollânske greve [[Albrecht fan Beieren]] beliend mei it baljuwskip fan Olde Waghenbrugghe, dat de hiele Súdwesthoek besloech. De namme ''Wagenbrugge'' is letter ''Weinbrits'' wurden, fandêr de namme Wymbritseradiel. It baljuwskip hie er krigen fan de Hollânske greve om't er [[Fetkeapers|Fetkeaper]] wie. Albert fan Beieren hat in skoftlang in protte ynfloed hân yn Fryslân en troch de partij fan de Fetkeapers waard er stipe, mei de oare Fryske partij de [[Skieringers]] hied er in soad te stellen.