Slach op de Wylde Ikkers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Slag op de Wilde Ackers
namme
Rigel 12:
|commander2=[[Ocko II tom Brok]]
}}
De '''Slach op de Wylde Ikkers''' wie op [[28 oktober]] [[1427]] de twadde slach tusken [[Fokko Ukena]] en [[OckoOkko II tom Brok]]. De earste slach wie de [[Slach fan Detern]]. Beiden waarden wûn troch Fokko Ukena. Nei de slach waard Ocko finzen nommen en wie Fokko Ukena de nije hearsker oer East-Fryslân.
 
== Eftergrûn ==
[[OckoOkko II tom Brok]] wie de earste haadling fan [[East-Fryslân]] dy't allinnich oer it hiele gebiet hearske. De Friezen seagen it strange bewâld fan de haadlingefamylje [[tom Brok]] as ûnfrysk. Dêrtroch groeide by in protte Friezen de langstme nei de [[Fryske frijheid]]. It bewâld fan de famylje tom Brok wie sa machtich sterk dat oare haadlingefamyljes suver gjin kâns hienen om tsjin de tom Brok yn ferset te kommen. Yn it suden fan East-Fryslân kaam syn machtichste bûnsmaat, [[Fokko Ukena]], yn 1426 yn opstân mei it East-Fryske befrijingsleger yn de [[Slach fan Detern]].
 
== Neirin ==
Fokko Ukena wie nei de beide oerwinnings tsjin OckoOkko II tom Brok de nije hearsker fan East-Fryslân wurden. Hy koe syn posysje as hearsker net hâlde. Dêrfoar wie er net betûft genôch yn it politike spultsje. De belestings dy't er frege wienen te heech en troch syn ûnderdrukkende bewâld makke er him as hearsker swak. De befolking wie slim teloarsteld yn Ukena. Al gau ûntstie yn it [[Brookmerlân]] ferset tsjin Ukena. It ferset waard grutter doe't in oanfal fan Ukena yn it Stêdlân by Bremen op 'e non rûn. Under lieding fan de haadlingefamylje [[Cirksena]] út [[Greetsiel]] ûntstie yn 1430 it [[Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen]]. Dat wie it begjin fan de hearskippij fan de Cirksena's dy't oant 1744 bestien hat.
 
== Argeologyske fynsten ==