Ulrik Sirksena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: fr:Ulrich Ier de Frise orientale
namme
Rigel 1:
'''Ulrich I''' ([[Norden]], om [[1408]] - [[Emden]], 25 of [[26 septimber]] [[1466]]) wie in soan fan de East-Fryske haadling [[Enno CirksenaSirksena]] fan [[Norden]] en [[Greetsyl]] en dy syn frou Gela fan Manslagt.
 
[[Ofbyld:UllrichI.jpg|thumb|right|Ulrich I fan East-Fryslân]]
Mei it betûfte belied fan syn heit Enno, dat mei de oerurving fan Norder Attena begûn wie en dêrmei de haadling fan Norden wurden wie, krige Ulrich in wichtich part fan it erfskip. Oer syn mem Gela, dochter fan Affo Beninga, haadling te [[Pilsum]] en [[Manslagt]], en Tiadeka Siartza fan [[Berum]], krige er ek noch it erfskip fan de ferneamde famylje [[CirksenaSirksena]]: Nei't de soan fan Gela fan it earste houlik, de haadling Liudward CirksenaSirksena ("Syrtza") yn Berum healwei de tritiger jierren fan de 15e ieu sûnder neiteam stoarn wie, wie Gela en har nicht Frauwa CirksenaSirksena ("Sydzena") de iennigen erfnammen fan de CirksenaSirksena's fan [[Berum]].
 
Enno makke brûkme fan de gelegenheid en lit de soan út it earste houlik boaskje mei Fauwa. En hy gie fierder: Hy en Edzard namen de famyljenamme en dat wapen fan de frou oer, om it erfskip sichtber te meitsjen. Doe't Edzard en Frau yn [[1441]] sûnder neiteam tagelyk oan de [[pest]] stoaren, urf Ulrich ek it erfskip fan de CirksenaSirksena fan Berum. Hy krige ek de meast ferneamde famyljenamme foar himsels en syn neiteam.
 
Mei syn heit en âldere styfbroer Edzard is Ulrich yn [[1430]] foar it earst warber yn 'e polityk. Hja brochten de sân frije East-Fryslannen foar it earst op it aljemint.