Harlingerlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
fw
Rigel 10:
Neidat [[Sibet Attena]], de foaroanman fan it gebiet, yn de jierren [[1454]]-[[1455]] de hearskippen fan [[Easens]], [[Wittmund (stêd)|Wittmund]] en [[Stedesdorf]] feriene hie, bewarre hy mei dizze lannen lange tiid nei it einigjen fan de [[Fryske Frijheid]] en it tiidperk fan de [[Haadlingen]] harren selsstannigens. Lange tiid gie dit goed en libben de lannen neist en mei inoar, mar nei ferrin fan tiid kamen der konflikten mei de famylje [[Sirksena]], de lânshearen fan [[East-Fryslân]]. Yn it bysûnder wienen Harlinger haadling [[Hero Omken]] en syn soan [[Balthasar fan Easens]] striidber.
 
Yn [[1530]] nimt [[Greve [[Enno II]] Harlingerlân mei syn leger yn. Balthasar flecht nei it [[Greefskip Rietberch]], mei de lânhearen fan dizze krite wie hy nau besibbe. Fan dêr gie hy nei Hartoch [[Karel fan Gelre]]. Dizze holp Balthasar om yn [[1531]], ien de [[Geldereske Skeel]], Harlingerlân werom te winnen. Hjirop stelde Balthasar syn lân ûnder it regear fan fan Gelre, as [[hearlikheid]]. Dêrmei ferlear Harlingerlân syn selsstannigens.
 
Nei de dea fan Balthasar yn [[1540]] kaam it lân yn hannen fan de greve fan Rietberch, omdat Balthasar sels gjin bern hie. Balthasar syn suske, Ona, wie ek greve yn Rietberch. Har soan, greve [[Johann II fan Rietberch]], makke, doe't hy it lân yn hannen krige noch ien kear oarloch mei East-Fryslân, sûnder inkele oanlieding. Hjirop krige hy de namme ''Gekke Johann''. It konflikt waard stadichoan minder. Greve Enno III fan East-Fryslân troude sels mei in dochter fan de greve fan Rietberch. De relaasje hâlde net lang stân, mar dochs waarden der twa dochters berne, dy’t yn de takomst Harlingerlân erve koene. Neidat de manlike line fan de Rietbergers útstoarn wie bleaunen Enno en syn dochter oer. Enno krige it Harlingerlân, syn dochter it greefskip Rietberch.