Nij Beets: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L [[]], Jo kinne earst wol ôfite.
Rigel 12:
[[Ofbyld:Veenderij bij Nij Beets, 1927.jpg|thumb|250px|''Feanterij ûnder Nij Beets, 1927'']]
'''Nij Beets''' is in doarp yn de gemeente [[Opsterlân]], west fan [[Beetstersweach]]. It doarp hat likernôch 1.691 ynwenners (2005).
Bysûnder is it iepenloftmuseum [[It Damshûs]]. De earmoede yn de tiid fan de [[feanterij]] kin hjir besjoen wurde. Der wurdt war dien om it [[Polderhaadkanaal]] op'e nij te iepenjen. De namme Nij Beets komt fan it tichtby lizzende buorskip [[Ald Beets]] dat eartiids gewoan Beets hiet.
 
== Skiednis ==
Nij Beets is stifte yn [[1863]] troch de feanarbeiders. De feanarbeiders kamen om [[1860]] hinne nei Nij Beets om it fean fan harren (fean)bazen ôf te graven en der dêrnei [[turf]] fan te meitsjen. De delsetting lei yn de [[himrik]] fan it âlde doarp Beets.
 
Troch de feanen rûn in wichtige ferbiningswei nei [[Utingeradiel]], de ''Zeveinsweg''; noardliker lei de ''Ga Weg'' - no de Prikkewei - yn it doarp. Yn de [[Tegenwoordige Staat van Friesland]] (1788): ''Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar 't Westen loopt, onder den naam van rechte Zeveins weg en dien van Ga weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die de Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaards [...] liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.''
 
Yn [[1831]] waard in nije strjitwei, de Nije Leppedyk - no de Domela Nieuwenhuiswei - tusken de Zeveinsweg en de Gean Wei oanlein. De lannen gienen fan [[1863]] ôf op de skeppe. Tweintich jier liet it lânskip in ôfwikseling fan stroken woeste grûn, healannen en turflannen sjen. Der waard benammen oan de Prikkewei boud, oan de eastside fan de Skipsleat en ten noardenbenoarden fan de Nij Beetsterfeart. Sûnt ein [[19e ieu]] kaam de ûntginning fan de útfeante grûn stadichoan op'e gleed.
 
Yn [[1891]] waard in houten tsjerkje boud. Yn [[1908]] koe oan de Skipsleat in stienen herfoarme tsjerke boud wurde. Yn [[1917]] folge oan de Prikkewei in grifformearde tsjerke. Fan de iere organisearre folkswenningbou binne de rige fan tweintich út [[1921]] oan de Swynswei (de eardere Zeveinswei) en it streekje fan tolwe dy't yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuiswei kamen, goede foarbylden.
 
== Koloanje Frij Fryslân ==
Yn [[1903]] waard de koloanje Frij Fryslân yn Nij Beets stifte mei [[Jan Hoen]] as foarman. De koloanjes yn [[Bussum]] ([[Walden]]) en [[Blaricum (plak)|Blarikum]] ([[Ynternasjonale Bruorskip]]) wienen hjirby it foarbyld. [[Frederik van Eeden (skriuwer)]] makke as stifter fan Walden propagandatochten oer de ideeën fan mienskiplik grûnbesit. Yn de earmoedige omkriten fan Nij Beets gienen sokke ideeën der yn as in preek yn in âlderling. Lykas ek yn dy oare koloanjes mislearre it eksperimint; yn [[1908]] kaam in ein oan de koloanje Frij Fryslân. De Van Eedensrtjitte en de Hoenstrjitte yn Nij Beets binne nei de beide manlju neamd.
 
== Damshûs ==