Edgar Allan Poe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Idioma-bot (oerlis | bydragen)
L r2.6.3) (Bot - derby: sah:Эдгар По
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Edgar Poe waard berne as soan fan reizgjende akteurs, Eliza Poe en David Poe, Jr., dy't beide stoaren foar't er trije jier wie. Hy hie ek noch in âldere broer en in jonger suske. Poe waard yn'e hûs naam troch John Allan, in súksesfol sakeman út [[Richmond (VirginiaFirginia)|Richmond]], [[Virginia (steat)|VirginiaFirginia]]. Hy waard net offisjeel adoptearre en naam Allen as oan as twadde foarnamme. John Allan bedoar him oan de iene kant, mar koe ek tige strang en agressyf wêze.
 
Fan 1815 oant 1820 wie er foar ûnderrjocht yn Ingelân. Yn 1826 liet er him ynskriuwe oan de [[Universiteit fan Virginia]], mar koe dêr mar in jier wêze troch jildkrapte. Hy begûn te drinken en te gokken en krige skulden dy't er net ôfbetelje koe dat hy waard fuortstjoerd. Yn 1827 rûn er fuort fan de Allans en gie er it leger yn. Hy sei dat er 22 wie, mar wie noch mar 18 jier en joech in falske namme op, "Edgar A. Perry". Doe't er syn nocht fan it leger hie kaam er mei syn wiere persoanalia en waard er úteinlik ûntslein. (Yn 1830 hat er noch in blau moandei op de militêre akademy ''Westpoint'' sitten.)