Saailân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ljouwert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ljouwert (stêd)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling Boarne: LC 25 oktober 2011 side 13
Rigel 1:
[[Ofbyld:Zaailand feb 07.JPG|thumb|300px|In foto fan it plein sa't it der yn 2007 út seach]]
It '''Saailân''' is in strjitte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Ek it Wilheminaplein, dat neist de strjitte leit wurdt oer it algemien 'It Saailân' of 'It Saailânplein' neamd. It plein klei eartiids bûten de stêd, mar kaam geandewei mear yn de stêd te lizzen. [[Willem Loadewyk]] oefene hjir mei syn soldaten. Op it plein fine it hiele jier troch diskemerken, merke en oare eveneminten plak. Yn 1865 wie der in lânboutentoanstelling. Letter waarden der ek keatswedstriden, ringriderijen, feemerk en sjippekisterees hâlden. Flak foar de befrijing waard yn april 1945 it Old Burger Weeshûs troch de Dútsers yn de brân stutsen. Latter soe hjir it gebou fan de wetterlieding ferrize. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] wienen ek de Sjah fan Perzje en de Kanadeeske Shermantanks te besjen. Om it plein stienen kafeees mei nammen as Houbein, de Nederlanden, Us Thús en City Bar. Yn 2011 sit allinnich kafee it Wapen fan Ljouwert der noch, dêr't de keaplju op freed by elkoar sitte.
 
Yn [[2008]] waard it plein troch keunstner [[Henk Hofstra]] beskildere mei in oantal tige grutte spegelaaien. Yn 2011 wie yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert in eksposysje oer it plein te sjen.
 
== Nije ynrjochting ==
De gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] is fan doel it Saailân op 'e nij yn te rjochtsjen. Sa sil de parkeargaraazje dy't ûnder it plein leit grutter makke wurde en komt it [[Frysk Museum]] dêr te stean.
 
{{boarnen|boarnefernijing =
* [http://www.leeuwardercourant.nl/?catId=83 Dossier Saailân by de LC]