Grytman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fuotnoat
fw oars
Rigel 2:
 
==Oarsprong==
Troch de greven wie de funksje fan [[Skelta]] (''Skout'') yntrodusearre. Doe healwei de [[12e ieu]] yn Fryslân it [[greve|greeflik]] gesach begûn ôf te takeljen en stadich oan it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] ûntstie ferdwûn ek de skelta út Fryslân. Dêrfoar yn it plak kaam de grytman opsetten. Yn [[Grinslân|Easterlauwersk Fryslân]] waarden dizze persoanen mei "redjeva" oantsjutten <ref>E. Engelsma (2010), "De Grote Friese Oorlog, side 9''. </ref>.
 
Oarspronklik hâlde er him foaral dwaande my de rjochtspraak. Oars as foarhinne de skelta en [[asega]] hie er beide funksjes yn him, mei dit ferskil dat er net troch in ''Hear'' keazen waard mar troch it ''Folk''. Lykwols hie allinnich de eigeners of brûkers fan [[pleats]]en fan in beskate omfang stimrjocht. De grytman hie dan ek in soad [[stimhawwende pleats]]en. Yn de rin fan de tiid waard de grytman ornaris keazen út de groep fan [[Haadling]]en, mar fan de [[Saksentiid]] ôf waarden de grytmannen om bar keazen of oanwiisd, troch gearwurking fan de [[steedhâlder]]s en [[Deputearre Steaten]].