Philip Vegelin fan Claerbergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
 
L stred.
Rigel 5:
Vegelin wie in soan fan de grytman fan Haskerlân [[Hessel Vegelin fan Claerbergen]] (1655-1715) en Anna Maria fan Viersen (1653-1696). Hy folge yn 1707 syn heit op as grytman fan Haskerlân. Fan 1713 - 1716 en fan 1728 - 1731 wie hy lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân foar [[Sânwâlden]]. Foar Fryslân wie hy lid fan de [[Ried fan Steate]] (1707-1713) en sûnt 1716 makke hy foar Fryslân diel út fan de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]].
 
It jier neidat hy beneamd wie as grytman fan Haskerlân waard hy útstjoerd troch de Steaten-Generaal as deputearre te fjilde nei de [[Súdlike Nederlannen]] yn de [[Spaanske Suksesjeoarlochsuksesjeoarloch]]. Syn heit nom syn funksje as grytman waar yn Haskerlân. Hy wist belangrike ynformaasje te garjen oer it ferrin fan de oarloch. Nei syn weromkomst yn Fryslân fêstige er him op de [[Heremastate]]<ref>De Heremastate wie yn [[1679]] troch oerpake [[Philip Ernst Vegelin fan Claerbergen]] kocht foar dy syn soan Hessel. Vegelin erfde de Heremastate yn [[1715]], doe't syn heit yn [[Leien]] ferstoarn wie oan de gefolgen fan in blaasstienoperaasje (boarne Tresoar: Famylje Fan Eysinga-Vegelin fan Claerbergen).</ref> op [[De Jouwer]]. Hy joech opdracht ta it oanlizzen fan in baroktún by dizze [[Stins|state]]. Ek wie hy ien fan de inisjatyfnimmers foar de nije wei fan De Jouwer nei [[Akkrum]].
 
Vegelin wie in foaroansteand adviseur fan [[Maria Louise fan Hessen-Kassel]] dêr't hy goed mei befreone wie. De relaasje mei har soan prins Willem Karel Hendrik Friso, de lettere steedhâlder [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]], wie ôfstanliker. Hy fûn dat de prins net altiten like ferstannich operearde en faak nei ferkearde advizen harke.<ref>Bruggeman, Marijke ''Nassau en de macht van Oranje: De strijd van de Friese Nassaus voor erkenning van hun rechten 1702-1747'', side 104 en 105, útjouwerij Verloren, Hilfertsom, ISBN 978-90-6550-945-1</ref>
 
Yn 1723 besleaten Deputearre Steaten fan Fryslân dat it [[DokkumergrutdjipDokkumer Grutdjip]] fanwege it oerstromingsgefaar ôfsluten wurde moast. Fanwege syn bekwaamheden op it mêd fan wiskunde en wurktúchboukunde waard hy, tegearre mei syn kollega [[Michael Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg]], as kommissaris belêste mei de oerdiking fan it Dokkumerdjip en mei de oanlis fan de [[Dokkumer Nije Silen]]. Neidat it wurk yn 1729 foltôge wie waard in tinkteken oprjochte ''ter eeuwige nagedachtenis'', sa't op it tinkteken te lêzen stiet, ''van de overdijking van het Dokkumerdiep''. Ek wurdt fermelde, dat seistûzen roeden dyk Eastergoa behoede sille foar wetteroerlêst. De werklike ôfsluting fan it djip barde yn oanwêzichheid fan beide kommissarissen. Harren wapens krigen in plak op it tinkteken.
 
Vegelin troude op 6 april 1717 mei de út [[MiddelburgMiddelburch]] kommende widdo Susanne Elisabeth fan Essen (1707-1766), dochter fan de [[advocaatadvokaat-fiskaal]] fan de [[admiraliteit fan Seelân]] Pieter fan Essen en Barbara Steengragt. Harren houlik bleau sûnder bern. Vegelin ferstoar yn july 1738 op 53-jierrige leeftiid. Hy waard as grytman fan Haskerlân opfolge troch syn jongere broer [[Assuerus Vegelin fan Claerbergen|Assuerus]].
 
{{Boarnen|boarnefernijing=