Warsjaupakt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
oanf. fan :nl
Rigel 2:
 
It wie stifte yn 1955 yn [[Warsjau]], [[Poalen]] as reaksje tsjin de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje]]. It pakt duorre ta de ein fan de [[Kâlde Kriich]] doe guon lannen lid ôf wiene, mei gefolch it yn-inoar stoarten fan it [[Eastlik Blok]] en politike feroarings yn de [[Sowjetuny]]. It ferdrach wie tekene yn Warsjau, op [[14 maaie]][[1955]] mei offisjelen kopyen yn it [[Russysk]], [[Poalsk]], [[Tsjechysk]] en [[Dútsk]].
 
De NAVO en it Warsjaupakt hawwe nea streekrjocht in militêr konflikt hân, mar bestride elkoar mear as 35 jier yn de [[Kâlde Oarloch]]. Yn desimber 1988 skafte [[Michail Gorbatsjov]] lykwols de [[Brezjnev-doktrine]] ôf en ferkleare dat de East-Europeeske lannen harren eigen koers farre mochten. Yn 1989 set in protte feroarings útein yn East-Jeropa. De nije regearingen stienen net langer mear efter it Warsjaupakt en yn jannewaris 1991 kundigen Tsjecho-Slowakije, Poalen en Hongarije dat sy fanôf 1 july it folgjende jier de organisaasje net mear stipe sillen. Bulgarije folge yn febrewaris en al gau waard dúdlik dat it pakt syn langste tiid hân hie. Op 1 july 1991 waard it pakt waard offisjeel ûntbûn yn Praach.
 
== Lidsteaten ==