Oehoe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L robot Erbij: ca, it, ko, sk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 6:
Namme= [[Oehoes|Bubo]] bubo
}}
De '''Oehoe''' (''Bubo bubo'') is de grutste [[Uleëftigen|ûlesoart]]. Lykas by de measte ûlen is it wyfke mei sa'n 67 sm in stik grutter as it mantsje, dat 61 sm grut wurdt. In mantsje weaget tusken de 1900-2800 gram, in wyfke kin wol in gewicht hawwe oant 4200 gram. De Oehoe hat brune en grize fearren mar is foaral wer te kennen oan syn grutte kop mei lange donkere earfearren dy't nei de sydkanten útstekke. Fierder hat de fûgel in swarte heak[[snaffel]] dy't gruttendiels net te sjen is tusken de fearren. Oan de poattenpoaten hat de Oehoe 2-4 sm grutte klauwen der't er grutte proaidieren mei pakke kin.
 
==Fuortplanting==
De Oehoes briede it leafst yn in holhoale yn in rotswand. Mar se briede ek wol op âlde rôffûgelnêsten yn beammen. It wyfke leit 2-3 [[aai]]en en briedt de aaien allinich yn 34 dagen út. Se moat ek sels foar har iten soarchje en giet derom ien of twa kear deis te jeijen. De jongen ferlitte nei sa'n 28-30 dagen it nêst en skarrelje wat yn de buert fan it nêst runom. Nei 50 dagen kinne de jonge ûlen fleane.
 
==Iten==
Omdat de Oehoe in grutte rôffûgel is kin er ek grutte proaidieren pakke. Hy yt einsteins alles wat er pakke kin, lykas [[rot]]ten, [[mûs|mûzen]] en [[hazze]]n, mar ek fûgels sa aslykas [[krie]]en, [[do]]wen en [[einfûgels|einen]]. Yn de [[spuibal]]len fan oehoes binne resten fûn fan sa'n 50 ferskillende [[sûchdieren|sûchdiersoarten]]en en sa'n 180 fûgelsoarten. Sels stikelbargen kin de Oehoe te pakken krije.
 
==Fersprieding==
[[Ofbyld:Bubu bubo dis.png|thumb|right|294px| Fersprieding fan de Oehoe]]
Utsein it úterste noarden komt de Oehoe yn sawat hiel [[Europa]] en [[Aazje]] foar, en ek noch yn it noarden fan [[Afrika]]. Yn West-Europa komt hy net foar yn it noarden fan [[Frankryk]] en ek net yn [[Grut-Brittanje]]. De lêste jierren (2004) binne yn Nederlân ek in pear briedpearrenbriedpearen fan de Oehoe yn súd-[[Limburch]] en [[Gelderlân]], de Oehoe liket syn gebiet yn Nederlân stadichoan te fergrutsjen.
 
[[Kategory: Fûgelsoarten]]