Heinrich Schliemann: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: fa:هاینریش شلیمان
No edit summary
Rigel 21:
Kollega's út lettere tiden hawwe Schliemann lykwols ek kritisearre omdat er him yn it begjin mear dwaande hold mei skatgraven as mei argeology. Sa soed er, doe hy yn Mysene it 'grêf fan Agamemnon' fûn hie, syn helpers nei hús stjoerd hawwe. Hy woe alles sels opgrave, sadat alles yn syn eigen hannel bleau. Troch him binne parten fan jongere lagen fan Troje, yn syn entûsjasme it 'Homearyske' Troje te finen, foar altyd ferneatige wurden. As ferdigening fan Schliemann wurdt it argumint oanfierd dat yn syn tiid de argeology noch yn de berneskuon stie, en dat it net earlik wêze soe om him nei noarmen fan tsjintwurdich te beoardielen.
 
In oar punt fan krityk op Schliemann is dat er in soad autobiografyske details simpelwei optocht hat, dêr't hy it foar lettere biografen soms frijwol ûnmooglik makke hat om de juste feiten fêst te stellen. Sa is bygelyks it bekende ferhaal dat Schliemann de 'skat fan Priamus' by in op ynstoarten steande muorre yn de sjaal fan syn frou yn feilichheid brocht sûnder mearmis ligen: Sophia Schliemann hie op it momint fan de fynst de opgravings al ferlitten om fanwege de dea fan har heit nei Grikelân werom te kearen.
 
As lêste wurdt Schliemann ferwiten dat er net earlik wie yn syn hannel. In protte fan syn weardefolle fynsten hat er yn it geheim fan Turkije nei Grikelân smokkele. Op dizze wize hat er de eask dat de helte fan alle fynsten oan de Turkske steat jûn wurde moast omsile kinnen.