Content deleted Content added
stikje skiednis
Rigel 31:
=== Lânskip ===
[[Ofbyld:Everest kalapatthar crop.jpg|left|thumb|De berch [[Mount Everest]].]]
Nepal bestiet út in smelle stripe lân dy't him útstrekt oer in lingte fan 853 km mei in breedte fan 160 km yn it súdlike diel fan de [[Himalaya]]. In grut part fan it lân is tige bercheftich. Fan de tsien heechste bergen yn de wrâld lizze der acht yn Nepal, dêrûnder de alderheechste, de [[Mount Everest]] (8850 meter), oan de grins mei Sina.
 
Yn it suden, by de grins mei Yndia, leit it flakke [[Teray]]-gebiet, dat folge wurdt troch de [[Siwalik]]-ketten en de brede sône fan it foarberchtme fan de Himalaya. It grûngebiet hâldt yn it noarden op by de kam fan de Himalaya. Om-ende-by 20% fan de oerflakte is te brûken foar de lânbou. It ekonomyske en sosjale kerngebiet is de delling fan [[Katmandû]] yn it foarbertme.
 
Inkele oare hege bergen en rêgen yn Nepal binne de [[Daulagiry]], [[Kanggenjunga]], [[Lotse]] en [[Annapurna]].