Atlantikwall: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
plaatsje
Rigel 12:
 
[[Organisation Todt]], dy't earder de [[Siegfriedliny]] (''Westwall'') de [[Frankryk|Frânsk]]-Dútske grins bylâns ûntwurpen hie, waard ek de haadferantwurdlike organisaasje foar it ûntwerp en de konstruksje fan de meast wichtige fortifikaasjes yn de nije ferdigeningsliny. Tûzenen arbeiders waarden ronsele foar de bou fan de permaninte fersterkingen oan de [[Nederlân]]ske, [[Belgje|Belgyske]] en [[Frankryk|Frânske]] kusten.
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 101I-719-0243-33, Atlantikwall, Inspektion Erwin Rommel mit Offizieren.jpg|thumb|left|Rommel by in ynspeksje fan de Atlantikwall, april 1944.]]
 
Ier yn 1944 waard fjildmaarskalk [[Erwin Rommel]] beneamd om de ferdigening fan de 'muorre' te ferbetterjen. Rommel wie fan betinken dat de besteande fersterkingen folslein ûnfoldwaande wienen dat hy sette fuortendaliks út ein en ferbetterje dat. Op syn oanwizingen waard in rige [[bunker]]s fan wapene beton oan de kusten set, dy't útrisd waarden mei [[masinegewear]]en, [[antitankgeskut]] en lichte artillery. Op de strannen sels kamen minen en antitankobstakels en ticht foar de kust waarden ûnder wetterobstakels en [[Seemyn|minen]] oanbrocht. It wie de bedoeling om Alliearde [[lâningsboat]]en te ferneatigjen foardat sy har lading losse koenen.