Anty-Revolúsjonêre Partij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Abraham Kuyper.jpg|150px|thumb|''Portret fan Abraham Kuyper troch Jan Veth'']]
De '''Anti-Revolúsjonêre Partij''' is as rjochting om [[1830]] ûntstien ûnder lieding fan [[Guillaume Groen van Prinster]]. 'Anti-revolúsjonêr' ferwiist nei it fersmiten fan de begjinsels fan de [[Frânske Revolúsje]].
Yn [[1878]] waard it ta partij organisearre troch [[Abraham Kuyper]] en wie it de earste politike partij fan Nederlân. As begjinselprogram waard "Ons Program" skreaun. Yn Fryslân bestie grutte sympaty foar de antirevolúsjonêre begjinsels by de rjochtsinnige protestanten. De earste AR-kiesferiening waard yn [[1852]] oprjochte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Troch de [[Doleânsje]] ûntstie ferwidering. Foar de AR-partij oer kaam de [[Kristlik -Histoaryske PartijUny|CHU]] te stean, oprjochte troch herfoarme predikanten. Sûnttiids wiene de AR en de grifformearden hast identyk.
 
By de ferkiezings fan [[1956]] helle de AR yn Fryslân 22% fan de stimmen (yn Nederlân hast 10%). Yn de Steaten wiene doe 12 fan de 50 sitten troch antirevolúsjonêren beset. De AR-Partij wie it sterkst yn de Dongeradielen, [[Dokkum]], [[Dantumadiel]] en [[Kollumerlân]].
Rigel 8:
 
== Kristen Demokratysk Appèl ==
[[Ofbyld:Applaus voor Hans de Boer (r), daarnaast v.l.n.r. Bukman, Van Houwelingen en Kuiper - NL-HaNA Anefo 931-0465 WM371.jpg|thumb|260px|Lêste gearkomst fan de ARP oer it opgean yn it CDA: Hans de Boer (r), d%erneist f.l.n.r. Bukman, Van Houwelingen en Kuiper]]
Yn 1967 wie de ARP tegearre mei de [[Kristlik-Histoaryske Uny]] (CHU) en de [[Katolike Folkspartij]] (KVP) yn petear oer hoe't 'Kristlike polityk' der útsjen moast. De fraksjelieders [[Barend Biesheuvel|Biesheuvel]], [[Jurjen Mellema|Mellema]] en [[Norbert Schmelzer|Schmelzer]] kamen op televyzje om it motto ''samen uit, samen thuis'' te ferdúdlikjen. Under lieding fan [[Piet Steenkamp]] rjochten de trije partijen yn 1973 it [[Kristen Demokratysk Appèl]] (CDA) op. Yn [[1980]] waarden ARP, CHU en KVP opheft. De ARP gie fierder mei in katolike partij wylst men yn de jierren 50 noch in lichte wjersin foar katoliken oer hie.